in sjonger út it fiere westen
Ik siet yn it finsterbank en moast tinke oan de sjonger dy't jierrenlang by my boppe it bêd hongen hat. Ik hearde syn stim en seach syn gesichtsútdrukking. Djip yn him siet in jonkje dat yn in hoekje siet, dat noait mei ien boarte, dêr't gjinien op ta kaam, dat skoudere waard om't er yn 'e skulp kroep, dat yn 'e skulp kroep om't er skoudere waard. It soe net lang mear duorje of hy soe yn triennen útbarste en dan trochgûle oant yn 'e ivichheid. Mar dêr waard er foar bewarre, want hy hie in jefte, in grutte buorjonge en in omke.
De grutte buorjonge hie in gitaar en as er bûtendoar siet te spyljen gong it jonkje by him sitten. Op in kear treau de jonge him de gitaar yn 'e hannen en doe die bliken dat it jonkje muzyk út it ynstrumint krije koe en as fansels begûn er der by te sjongen.
Hy krige in gitaar fan syn omke, dy't sljocht wie op muzyk, mar net de jefte hie fan it spyljen en folslein út 'e skroeven wie oer it feit dat syn omkesizzer it wol koe.
Myn eagen gliden fan 'e bergen ôf nei in lyts stedsje yn 'e prêry. It wie der smoarhyt en ôfgryslik droech. Oan 'e râne fan it stedsje wie in benzinestasjon. Dêr wenne de jonge nêst. Hy siet yn it skaad fan in beam te sjongen en te spyljen.
By it bezinestasjon stoppe in auto. De man dy't der útstapte hearde de jonge en feroare yn in stânbyld. Doe't er er ta libben kaam rûn er om 'e auto hinne en die de doar iepen foar in frou. Hy rûn mei har nei de jonge ta. Hy hie him ûntdutsen.
Ik kaam út it finsterbank wei en naam Dette út 'e keuken wei mei nei de keamer ta. Ik sette in plaat op fan myn sjonger en dûnse mei myn fyfde frou op syn muzyk.
Dêrnei naam Dette my mei ûnder 'e keukenstafel.