mear deaden
Myn pake, dy't smoard is yn in stik fleis.
Myn beppe, dy't in moaie dea hân hat. It kearske gong stadich út.
Myn muoike, dy't der twa jier oer dien hat om dea te gean. Se hie kanker en it einde fan gjin kanten.
Myn omke, dy't nei in swier ûngemak noch twa jier yn koma lein hat.
In goeie kunde, dêr't se oerhinne riden binne.
In maat fan my, dy't mei de auto ûnder 'e trein flein is.
In freondinne fan my, dy't fermoarde is.
En allegear lytse bern. Ien, dy't út it rút fallen is. Ien, dy't yn in putsje ferdronken is. Ien, dy't by it boartsjen op it iis yn in wek telâne kaam.
De ynwenners fan in stêd, dy't by boskjes fan kant makke en ûnder 'e grûn stoppe binne.
Us mem, dy't sei dat se net mear woe en doe rillegau dea wie.
Us heit, dy't har mar twa wike oerlibbe hat.
It útsicht út it finsterbank wei wie hjoed prachtich. It wie sa helder dat ik it idee hie dat ik sa fier as it each rikte elk gersraaike apart seach en ek dat ik se groeien sjen koe. Ik joech fan klearebare wille in gjalp en ha doe in skoft strak foar my út sitten te sjen.