mear kleuren swart, donkerpears, donkergriis, donkerblau en donkergrien. Ik seach ek hieltyd mear ljochtere tinten. It wie om dûzelich fan te wurden, as siet ik der mei de eagen te ticht op.
Ik hie net sicht op ien geberchte, mar op in tal achterinoar lizzende rigen bergen. De hichte fan 'e rigen rûn stadich op. Ik miende acht rêgen ûnderskiede te kinnen. Tusken de rigen leine grutte gersflakten, dêr't ûnbidige wolkeskaden oerhinne skoden. Elke fierderfuort lizzende flakte wie smeller as de foarige. It koste trije deireizen om 'e earste oer te stekken. De lêste reizge men yn in heale dei trochhinne.
It berchlânskip seach der net gefaarlik út, teminsten net oeral. En dat gefaarlike dat my yn earste opslach bang makke hie wynde en tilde my no op. En wat der net gefaarlik mear útseach strielde no bedriging út. It siet sa.
Fan foaren nei achteren ta, fan leech nei heech, wie der in ferrin fan minder nei mear kleurnuânses. De bergen op 'e foargrûn toanden dêrom donkerder. Se seagen der bedriigjend út. Se toanden in somberens dy't my de kiel ta knypte. Fierder- en hegerop ûntduts ik geandewei mear tinten, as soe de sinne trochbrekke.
Ik wie doe troud mei Els, myn twadde frou, en ik stelde my foar dat wy net tahâlden yn in rychjeshûs yn 'e stêd, mar dat wy dat allegear achter ús litten hiene en al sân berchrêgen oer en sân gersflakten troch wiene en no it lêste en heechste geberchte beklommen. Wy wiene út ús rychjeshûs weibrutsen, út ús eintsje libben dêr't ús houlik yn op 'e non rûn. Wy rûnen noch ûnder 'e beammen op 'e skeane hellingen en boppe noch ûnder ús seagen wy ljocht, mar it soe net lang mear duorje of wy soene tusken de stammen en blêden troch skean boppe ús it skitterjen sjen kinne fan troch de sinne beskynde iepen plakken en skean ûnder ús troch de sinne beskynde delten.