Mar soms koe ik it net litte en dan rekken wy slaande deilis.
Mei myn twadde frou hie ik op 'e merke altyd swierrichheden. Krekt as myn earste frou hâlde se net fan drank, mar se woe my der ek fan ôfhâlde. Se hâlde net fan dûnsjen en se woe ek net dat ik mei in oar dûnse. Ik naam myn pilskes lykwols wol en op 't lêst socht ik ek in frommiske op om mei te dûnsjen. As it safier wie sloech Els my mei har taske op 'e kop.
Myn tredde frou wie in echte merkefierster. Dat kaam dus moai út, allinne hie se op 't lêst absolút gjin each mear foar my. Earst hiene wy tegearre wille as wetter, mar op it hichtepunt fan 'e merke besocht se it altyd mei in oar oan te lizzen. Ik kaam dan by einsluten tuskenbeiden, want ik koe net ha dat se de rokken foar in oar optille soe. Tet waard dan poer en wie net foar rede fetber. Wylst ik har mei nei hûs ta naam besocht se my mei de hakke fan 'e skoech de harsens yn te slaan. De oare deis sei se dat it har spiet, mar dat se my lykwols ellindige jaloersk fûn.
Myn fjirde frou hie har bekomst fan 'e merke. Se hie in man hân dy't him dan folslein besûpte. Se sette altyd troch dat wy mei de merke op fakânsje wiene. As ik dêr noartsk om waard smiet Richt in amer mei wetter oer my hinne.
Sa't ik sei, Dette seach oankommen dat ik myn eigen grêf grave soe en ik dat sy deselde oanstriid hie. Ik dûnse al in pear kear achterinoar mei deselde frou. Wy dûnsen sawat mei de wangen tsjininoar oan. Se hie sachte, waarme wangen. Ik fielde dat de frou har der oer fernuvere dat ik har sa tsjin my oanhelle, mar ek dat se it hearlik fûn. Wy giselen oer de dûnsflier. Doe seach ik dat Dette prot seach en út wraak de man dêr't sy mei dûnse om 'e finger begûn te winen. Wy rûnen yn it dûnsskoft nei inoar ta, seagen inoar fernuvere oan, hapten nei wurden, mar krigen se net te pakken, en binne nei hûs ta set.