blommen
Myn earste frou hâlde fan blommen. Myn tredde frou ek, mar se woe se net yn it finsterbank ha.
Myn twadde en fjirde frou woene neat fan blommen witte. Dy hiene der sels sa'n hekel oan dat ik net iens in bosk foar harren meinimme mocht.
Myn twadde frou hie altyd wol in bosk blommen fan har earste man akseptearre, mar doe't bliken die dat er har lykwols besoademitere woe se noait wer in blom sjen.
Myn fjirde frou hie in hekel oan blommen om't se in hekel oan har mem hie dy' t ôfgryslik fan blommen hâlde.
Dette is ek net sljocht op blommen, se wol se absolút net yn it finsterbank ha, mar aldergelokst mei ik sa no en dan wolris in bosk foar har meinimme.
Ik bin sels sljocht op blommen. Op blommen yn 'e tún, op blommen yn it finsterbank. Ik doch neat leaver as in bosk blommen foar myn frou meinimme. Wat blommen oangiet ha ik it yn myn houliken dus altyd min troffen. En ik stean no deadseangsten út dat ik in kear te faak blommen foar Dette meinim, sadat se hielendal net mear lije wol dat ik it doch.