noadich. Hy wie gjin fisker, hy wie gjin boer. En foar de aardichheid hie men sa'n ding net of men moast al stomme graach op it wetter wêze om te fiskjen. Us pake hie ek gjin skou.
By guon fan myn maten hiene se thús wol ien. By in inkeling hiene se sels in sylboat. Ik woe stomme graach sa mar it wetter op gean kinne en fûn it fernederjend dat wy gjin skou hiene. Ik wenne yn in wetterdoarp, mar om roeie en sile te kinnen wie ik ôfhinklik fan oaren. Ik seach it wetter, mar koe der om't ik gjin skou hie net mei fergroeid reitsje.
‘Krekt,’ sei Dette, ‘en doe hast tsjin dysels sein, dat der in tiid komme soe datst sels ien hiest.’
‘Ja, mar doe't ik him hie hie ik it gefoel dat it te let wie. Doe't ik in bern wie hie ik him ha moatten. Ik fûn it prachtich doe't ik ien hie en ik geniete as wy te roeien wiene. Anke, Els, Tet, Richt en de bern fûnen it gelokkich ek moai om te farren. Mar ik hie altyd it gefoel dat it net echt wie, dat it wat keunstmjittichs wie, in toanielstik.’
‘Datsto noch noait gek fan dysels wurden bist,’ sei Dette.
‘Ik bin gek,’ sei ik.
‘En dêrom hâldst dat stik izer.’
‘Nee, om't ik oan myn dea ta dochs de mooglikheid hâlde wol om yn myn eigen skou te stappen. As ik him fuortdwaan soe soe ik mysels ferleagenje. Ik soe in hekel oan mysels krije en miskien wol in ûnmins wurde.’
‘Mar no ris wat oars,’ sei Dette, ‘ik woe wol datsto in motor hiest.’
‘Hoesa?’
‘Us heit hie ien.’
‘Mar dat ik net ien ha dêr makkesto gjin drama fan.’
‘Nee.’
‘Do dochst mar. Dy skou is myn drama en dêr libje ik by.’