in rôljende stien
Ik skôp tsjin in stientsje oan. It rôle by de wâl del yn 'e sleat en wie ferdwûn.
Wie myn libben ek sa'n stientsje?
Ik woe net dat it sa'n lyts stientsje wie dat yn in sleatsje róle. Myn libben wie in woeste gong de djipte yn.
Dette kaam nêst my te sitten.
Ik sei: ‘Ik bin in rôljende stien.’
‘Bist in stien yn in finsterbank.’
‘Ik rôlje, ik sleep dy mei.’
‘Do siest hjir allinne mar en sûnder my.’
‘Ik bin in rotsblok, ik sleep dy mei.’
‘Ik sit hjir gewoan nêst dy.’
‘Ik bin in lawine, ik sleep dy mei.’
‘Do kinst wol mear miene.’
Ik sei tsjin mysels, ik bin in stien en Dette is de wâl dêr't ik by del rôlje.
Ik sei: ‘Ik bin in rotsblok en do bist de berch dêr't ik by del rôlje.’
‘Dat liket my better ta,’ sei se.
Ik sei: ‘Ik sink wei yn 'e drekboaiem fan 'e sleat, ik ferdwyn yn in ravyn.’
Se sei: ‘Ik hoopje dat ik allinne mar hoech te tinken datst in bytsje frjemd bist.’