ljocht. Se sei: ‘It binne puddinkjes, moai stevige puddinkjes. Byt der yn, dan komt der beisop oer.’
Ik helle de beisop út 'e keuken.
‘Do bist in surrogaatmantsje,’ sei se.
Ik sette de flesse del en biet Dette yn 'e boarsten. Se begûn yninoar teard en mei de hannen om 'e boarsten troch de keamer te dûnsjen, wylst se flokte as in wyld en sei, dat ik gelyk hie. It geniet stiigde my nei de holle, mar Dette wâde my yn 'e sek en ik bedarre krôljend fan pine yn in hoeke fan 'e keamer. Doe't ik wer by sûp en stút wie gong ik nei it hok ta om in bile, mar Dette stie al achter my en sei: ‘Ik wol net datst my sa iepenst.’
‘Okee,’ sei ik, ‘kom, hjir is alle ark. Sykje mar út.’
Doe't wy by de wurkbank stiene tilde ik har op en sette ik har fêst yn 'e bankskroef.
‘Moatst in izerseage brûke,’ sei se, ‘oars rêdst it net.’
Ik seage har iepen.
‘Meitsje my los,’ sei se.
Dat die ik.
Dette krige in hammer. Se sei: ‘Kom op mei dyn spiker. Dan sil ik him der yn slaan.’
Wylst se dwaande wie flústere ik har yn it ear: ‘As ik deis wat sjoch dat iepen giet, in doar, in mûle, in eachlid, in hân, in lûk, in rút, dan tink ik oan dy.’
‘Hiel goed,’ sei se, ‘sa wol ik it ha.’
‘Ik stean deadseangsten út,’ sei ik.
‘Do bist sa dom om 'e finger tusken 'e doar te hâlden, mar dêr kin ik neat oan dwaan.’
Se sloech de skonken mei alle krêft om my hinne. Ik rekke even fan 'e wrâld en dat wie hearlik. Mar Dette skôp my sa as wênst fan har ôf en sei: ‘En no wol ik neat mear mei dy te meitsjen ha.’