wat Dette noch mear seit
Dette lûkt my foar de televyzje wei en seit: ‘Helje it hynder mar út it lân.’
Se skillet my op myn wurk op en seit: ‘Moatst dyn pinne aanst net lizze litte.’
Se giet tsjin my oan stean en seit: ‘Wêr bist no? Traapje dyn auto ris op 'e sturt.’
Dat is de iene kategory útspraken. Ik jou ek trije foarbylden út de oare kategory.
Wy ha it iten op en Dette seit: ‘Wannear silst de bal der no ris yn skoppe.’
Wy komme yn in part fan it bosk dêr't it rêstich is en se seit: ‘Moatst de auto yn 'e garaazje ride.’
Ik kom fan bûten, pak de krante en jou my del yn in luie stoel en se seit: ‘Hast de keek noch net yn 'e oven set.’
As se soksoarte dingen seit ha ik it gefoel dat se my oer in stiennich paad achter har oan sleept.