Alfa Romeo
‘Kom der yn,’ sei myn fyfde frou doe't ik yn har trein stapt wie en it mei har oanlein hie en se my meinommen hie nei har hûs ta.
Se makke kofje, se makke iten, se skonk wyn. Wy ieten it op oan 'e keukenstafel. Sa no en dan stuts se my mei de foarke wat ta. Ik moast de mûle dan foar har iepen dwaan.
Doe't wy it iten op hiene rûn se by de tafel wei en sei: ‘Kom, dan jouwe wy ús hjir del.’
Ik rûn achter har oan nei de sithoeke ta en mocht in stoel útsykje. Se gong foar my oer sitten. Wy praten, wy dronken.
‘Ik sil dy wat foto's sjen litte,’ sei se.
Se noege my nêst har op 'e bank.
Wy klonken nochris. Dette joech my in tút.
‘Do bist kreas,’ sei se. Se sprong oerein, luts my ek oerein en lake, pakte my by beide hannen en luts my tsjin har oan. Se brocht ús hannen omheech en tusken ús yn oant op kinhichte, begûn myn hannen te aaien, seach my oan, glimke en sei doe: ‘It wurdt tiid datst dyn Alfa Romeo út 'e garaazje hellest.’