fulkaan
‘Mary,’ rôp Dette, ‘ik hyt Mary.’
Ik siet yn it finsterbank en sy hie de holle om 'e hoeke stutsen.
‘Kom by my,’ sei ik.
‘Ik hyt Mary, ik kin neat mear mei dy,’ rôp se.
Se lake as in heks. Ik seach har fjoerreade lippen.
Ik libbe sa stadichoan op in fulkaan. Ik kaam oerein om myn fyfde frou del te bêdzjen.
‘Dêr bist,’ sei se, ‘bist in leave man.’
Se luts my tsjin har oan en grommele: ‘Ik bin in fulkaan. Ik bin lava, ik bin in krater. Ik hyt Dette, ik sil dy opfrette.’