yn 'e sinne.
De earste selsmoardner dy't ik sels koe - ik wie doe sa'n foech jonge - wie in âld man by ús yn it doarp. Hy wie sa't der sein waard sa út 'e hûs wei de feart yn rûn. De reden soe west ha dat syn frou sa deun wie dat hy der ûnder lijde. Ik koe my lykwols net begripe dat er dan pas op syn fiifentachtichste de feart yn rûn wie.
Dêrfoar hie ik út 'e petearen fan myn heit en mem en oare grutte minsken heard fan boeren dy't har yn 'e minne tritiger jierren oan 'e hoannebalken ferhongen hiene.
De earste selsmoardner ûnder de lju dêr't ik mei te meitsjen hie wie in aparte kwibus, in folslein ferknipt eintsje minske, in jonge fan tweintich. Wy, ik en oaren dy't him koene, seine faak: ‘As dit goed komt komt der mear goed.’ Wy tochten dêrby net oan wat. Hy sei sels dat it allegear fan syn jeugd kaam. Syn heit hiene se opknoopje moatten, de autoritêre, koartsichtige sek, en syn mem ek, want dy hie it noait foar har soan opnommen. De jonge wie folslein wanhopich. Syn langst wie it hawwen fan frou en bern en wurk, in harmoanysk húslik libben. Hy hie gjin selsbetrouwen. Wa soe mei sa'n ien as him gedoente ha wolle? Op in stuit skille er my dat it der dochs op like dat it paradys foar him weilein wêze soe. Fjirtjin dagen letter hearde ik dat er fan in flat ôfsprongen wie. Hy wie krekt út syn âlderlik hûs wei nei in wenning yn dy flat ferhuze, hy hie de baan krigen dêr't er op sollisitearre hie en it famke dêr't er syn each op falle litten hie hie ja sein. Hy moat it him oansjoen ha.
Twa oare selsmoardners dy't ik kend ha wie itselde mei te rêden. De iene, in keunstner, krige nei jierren erkenning en keapers en hong himsels op en de oare, in man dy't net mei jild omgean koe, draaide de gaskraan iepen doe't er mei help fan oaren einlings út 'e skulden rekke wie.