harke nei de lûden fan 'e greidefûgels en seach nei de damp boppe de sleatten.
Ynienen stie Dette nêst my. Se hie in wite simmerjurk oan, dy't se omheech luts om sjen te litten dat se fierder neaken wie.
‘Sille wy nei de feart rinne en swimme?’ sei se.
‘Gean do mar,’ sei ik, ‘moatst goed yn it wetter omslaan, dan harkje ik der nei.’
‘Dat klinkt heechdravend,’ sei se.
‘Toe no,’ sei ik, ‘der is nachts neat sa yntym as lûd.’
‘O.’
‘As ik dy aanst yn it wetter omslaan hear, dan bisto tichter by my as wannearst my no oankrûpe soest.’
‘Dan bin ik yn dy bedoelst, yn dyn earen.’
‘Dochst it?’ sei ik.
‘Nee,’ sei se, ‘ik wol dy fiele en dêrfoar moat ik net yn it wetter wêze.’
Se smiet my oer de grûn en kroep op my.
‘Sa,’ sei se, ‘no fiel ik dy. En harkje do mar moai nei de fûgels.’
‘Fielst my no dochs wol?’ sei se.
‘Nee.’
Doe begûn se te kreunen.
‘En no dan?’ sei se.
‘Ja,’ sei ik.
Dette rôle fan my ôf en sloech dûbel fan it laitsjen.
‘Dyn laits fielt as kideljend hier,’ sei ik.
‘Oansteller,’ sei se.
‘En dat kreunen dan?’
‘As dyn tonge yn myn hals.’
‘Fuort dan mar,’ sei se, en se krûpte op my en makke by har meneuvels allegear lûden. Ik harke dat it sawat die en hie in nacht fan komsa.