foar de grap
‘Wolst de drompel ek sjen?’ sei ik tsjin Dette doe't ik him foar de twadde kear oer ferve hie.
‘Drompel?’ sei se.
‘Myn finsterbank,’ sei ik.
‘Wêrom neamst dy drompel?’
‘Dat is timmermanstaal. Ik brûkte it wurd foar de grap.’
‘Ik hie leaver hân datst in oare drompel útsocht hiest om op te sitten,’ sei se.
‘Hoe bedoelst?’
‘Wat soest tinke fan 'e drompel fan 'e keukensdoar. Dan wiest der teminsten net hielendal út. Dan wiest der út en der yn. Wolst dat net?’