It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 30]
| |
[pagina 31]
| |
‘Dat komt om't ik der oan kaam,’ sei ik, ‘mar it giet my krekt sa, ik wit ek net wat ik sjoch.’ ‘Ja, dat ik hjir mei in famke sit fansels.’ ‘Nee, dat ik dy tref.’ ‘De libbene by de deade,’ sei Patat tsjin it famke, ‘do trefst it.’ En tsjin ús: ‘Dit is Anneke.’ Wy fûstken mei har. Dette en Patat fûstken ek. Se hienen inoar noch net earder sjoen. Patat en ik wol yn oardeljier net. Wy pakten inoar even by it skouder. ‘Us mem hat my oer jo ferteld,’ sei Patat tsjin Dette. ‘Hoe sa hiene do en Anneke it oer my?’ sei ik. ‘Ik sei tsjin Anneke, dat ik ferwachte hie datst hat útraasd wiest.’ ‘Do hâldst dochs ek noch altyd fan patat,’ sei ik. Wylst ik it sei fielde ik dat ik bûten sloech, mar it wie al sa. ‘Goh, wat binne jo plat,’ sei Anneke. It flapte der út foar't se it yn 'e rekken hie. Dat seach ik om't se de mûle by it lêste wurd tichtflapte. Se hie fansels gelyk, mar ik stie perpleks. Dette holp my lykwols. Se sei fûl: ‘Patat syn gedachte wie plat. Lit himsels op in houtsje bite.’ Patat sei: ‘Ik woe jimme net op it sear komme.’ ‘Dat kaamst al,’ sei Dette, ‘mar hawar, jimme binne noch bern, jim witte noch fan neat.’ Wy noegen harren út om op it terras fan it paviljoen wat mei ús te drinken. Se namen de útnoeging oan en dat makke my sa gelokkich as in bern. ‘Ik kin gjin heit tsjin dy sizze,’ sei Patat, ‘mar ik woe wol dat ik it koe, do hast foar my in heit west.’ Dette kniep my yn 'e earm. Wêrom wenje ik yn in finsterbank? tocht ik. |
|