Dette harket
Dette is de earste frou dêr't ik my tsjin uterje doar. Myn eardere froulju prate ik fansels wol mei, mar ik sei noait wat my sa al yn 'e holle omspaande oangeande mysels. Ik ha tsjin harren bygelyks noait wat loslitten oer myn mimeringen oangeande myn berne- en jongefeintetiid, mimeringen dy't ek allinne mar foar mysels fan belang wiene. By de gedachte dat ik de mûle der oer iependwaan soe fielde ik my al ûnnoazel en bespotlik.
By Dette giet myn mûle as fansels iepen, om't ik yn it foar net it gefoel ha dat se argewaasje fan my krije sil om wat ik fertel. Wat ik sis liket har werklik net te yrritearjen. Ik kin by har mysels wêze, ik bin net ferkrampt, yn mysels keard uterje ik my tsjin har. It is ûnmooglik dat myn gejeuzel har ynteressearret, mar wylst ik praat aait se my, hellet se my oan en makket se my dúdlik dat se frije wol.
Juster ha ik har ferteld dat ik yn it lêste jier fan 'e legere skoalle faak fuortkrûpte, earne achter in hok, earne yn 'e beamkes, tusken 'e reiden, op it hea, yn in beam, yn in gat, yn in ûnderwâl, om't ik bang wie dat der noait in famke wêze soe dat ferkearing mei my ha woe.
‘Kom,’ sei Dette, ‘wy dogge it hjoed net ûnder mar op 'e keukenstafel.’