ferlegen
Ik bin ferlegen. Dy eigenskip reagearje ik ekstreem op. Ik sykje yn 'e trein in plak op dêr't ik gjinien nêst my en tsjinoer my ha en leafst ek gjinien oan 'e oare kant fan it gongpaad of ik gean tsjinoer in frommeske sitten. Dat wol sizze, de iene kear besykje ik my yn in situaasje te pleatsen dêr't myn ferlegenheid net oan bod komme kin en ik my as in fisk yn it wetter fiel, de oare kear lis ik it der op oan om myn ferlegenheid op 'e slimste wize te ûndergean en fantasearje ik hoe't it frommeske en ik it pratende hâlde soene as ik net ferlegen wie.
Ik libje, mar bin der eins net op taret.
‘Do oerdriuwst,’ sei Dette doe't ik it har fertelde, ‘do bist by my yn 'e trein stapt. En ast sa ferlegen wiest hoe wiest dan oan dyn eardere froulju kommen?’
‘Mar do begûnst tsjin my te praten.’
‘Mar do seidest daliks wêr't it dy om te rêden wie.’
‘Ik hoegde neat te betinken. Ik hie my oerlevere oan myn langst nei dy. Ik stoarte my yn 'e ôfgrûn.’
Ik sit yn myn finsterbank. Ik bin ferlegen. Ik bin net op it libben taret. Alle kearen as ik út myn finsterbank wei kom stap ik yn 'e ôfgrûn.
‘Dus ik wie in ôfgrûn?’ sei Dette.
‘Ja,’ sei ik.
‘Nee,’ sei se, ‘ik wie de sachte boaiem dêr'tst op del kaamst.’