frou en no mei myn fyfde frou ek wer.
Ik sil de plakken neame.
It punt dêr't wy altyd by de seedyk op gean om even nei de see te sjen.
It stik bosk dêr't wy faak kuierje.
It stik heide dêr't wy faak op om doarmje.
It punt oan 'e mar dêr't wy graach sitte meie.
De grutste winkelstrjitte yn 'e stêd.
It restaurant dêr't wy graach ite meie.
It kafee dêr't wy graach oanstekke.
Earne op in feart as it iis sterk is.
Yn 'e foyer fan it teater dêr't wy gauris komme. Myn fyfde frou mei dêr krekt sa stomme graach mei my komme as myn eardere froulju. Dy komme der no mei harren nije manlju.
Wy troffen inoar juster yn it kafee. Dette en ik sieten der as earsten, binnen in kertier wiene se der allegear.
De gong fan saken is dan altyd gelyk.
Binnen de koartste kearen sitte myn fyfde frou en myn eardere froulju oan in taffeltsje te praten, ik sit allinne oan in taffeltsje, wylst de manlju fan myn eardere froulju ek byinoar sitte en dan krekt oan 'e oare kant fan 'e froulju as ik.
As myn fyfde frou wer by my sitten giet sis ik: ‘En?’
Dizze kear sei se: ‘Dat wie even noflik.’
En dan is myn folgjende fraach: ‘Is der noch wat fan my oerbleaun?’ of ‘Hoesa?’ of ‘Hast it wol foar my opnommen net?’ Dat hinget fan it earste antwurd ôf. Dizze kear sei ik: ‘Is der noch wat fan my oerbleaun?’
‘Foar my wol,’ sei se en dêr sei se achteroan: ‘Ik ha ferteld dat ik net woe dat Ike iten foar ús siere soe en dat se no net mear by dy yn it finsterbank sitten giet.’