It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 25]
| |
[pagina 26]
| |
witten kommen dat er ek noch in oare namme hat. ‘Dy drompel is ek net goed mear,’ sei de timmerman dêr't ik in reis mei om it hûs die. Dêr bedoelde er myn finsterbank mei. Yn 'e taal fan timmerlju hieten finsterbanken drompels. Ik waande my yn in oare wrâld. ‘Ja, de bûtenfinsterbanken hite sa,’ sei de man. Hy glimke minlik. It stie der mei myn finsterbank sa by. Hy rûn net mear nei bûten ta ôf, sadat it wetter der by delrinne koe, mar wie nei binnen ta fersakke, sadat it wetter stean bleau tsjin it rútkezyn en dêr in útwei socht. It wie my noait opfallen. De timmerman joech my geduldich útlis oer hoe't it sa kommen wie. It hie te krijen mei fersakkingen fan it hiele hûs, ik hoegde mar nei de skuorren yn 'e muorren te sjen. Myn timmerman hie it oer it ferskil yn druk fan in hiel stik muorre en in stik mei in keamersrút der yn. Hy wiisde de skuorren oan dy't dêrtroch ûntstien wiene. En dan wie dy drompel dus hjir en dêr ferrotte. Oan it hûs mankearden dingen dy't ik sels net ferhelpe koe. Dat moast dy timmerman dwaan, mar myn finsterbank dêr woe ik sels mei rêde. Ik frege de man út oer de konstruksje fan rútkezyn, drompel en muorre en sa gau't er fuort wie bin ik begûn. Ik sit no op in finsterbank dy't ik eigenhannich wer rjocht set ha en dêr't ik de boppekant fan fernijd ha troch der in stik ôf te beiteljen en dêrfoar yn it plak in nij eintsje planke oan te bringen. Myn finsterbank is my eigener wurden, mar ek frjemder, want hy is der net allinne foar myn kont en hy hyt net allinne finsterbank, mar ek drompel. |
|