net sliepe wolle
Dette leit al. It is nacht. Doe't ik noch yn it finsterbank siet kaam se om 'e hoeke fan it hûs en sei: ‘Ik gean op bêd. Komst gau.’
‘Ja,’ sei ik.
It is no oardel oere letter. Dette sil wol sliepe, want ik ha har net wer heard.
Ik wol net sliepe. Ik kin der deagewoan net ta komme om op bêd te gean. Dat kin ik pas as de holle my foaroer falt.
It binne de tintelingen fan myn liif en lea.
It binne myn sintugen.
It is wat der yn my omgiet.
It is wat ik fantasearje.
It is it libben sels.