wat it westen noch mear te bieden hat
Ik meitsje in listke.
It in meter brede sleatsje dêr't Dette en ik oerhinne springe.
De greide dêr't wy yn lizze te frijen.
In pear pleatsen tichteby, in pear pleatsen yn 'e fierte.
It flakke lân, de romte, in foar it grutste part frije kym (it frije paad nei de bergen).
Wite wolken en in blauwe loft (de wolken driuwe stadich).
Donkere wolken en in loft dy't net mear meidocht (de wolken jeie).
Fee (opinoar steand en mei de kont yn 'e wyn as it reint en hurd waait; by it maaitiid en midden yn 'e simmer as de sinne skynt en de kimen tille in lân fol blinkende kij).
It lânwurk.
Boeren, boerinnen, boeredochters, boeresoannen, sa't se de dyk lâns komme.
Stront en de rook der fan.
De rook fan hea (ik bring my it boerewurk sa't dat eartiids dien waard yn it sin en bylden fan it minsklik libben fan it begjin ôf oant no ta).
Lytse famkes dy't koweblomkes plukke.
Bern mei polzen it lân yn.
Beammen om 'e pleatsen.
Trije tsjerketuorren.
Yn 'e fierte in rút dêr't de sinne yn wjerkeatst.
Sleatten en hoe't se rinne.
Hikken en stekken.
It plattelân.
De rêstige wjokslach fan in roek dy't it wol oan tiid hat.