It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 19]
| |
[pagina 20]
| |
‘O,’ sei se, ‘mar gean fierder.’ ‘Ik wol allinne mar net dea om my wer sa gelokkich te fielen dat ik wol dea wol.’ ‘Ja, gean fierder,’ sei se. ‘De mominten dat ik my gelokkich fiel oant yn myn teannen, fingerseinen en hollehier, dy hâlde my oerein, dêr libje ik by.’ ‘Hoe komst dêr no ynienen sa op? Of bist op 't stuit sa gelokkich datst wol dea wolst.’ ‘Ja, en dan tink ik altyd oan dy iene kear mei Anke op 'e dûnsflier.’ ‘Fertel.’ ‘Doe't wy ferkearing hiene gongen wy ien kear yn 'e fjirtjin dagen te dûnsjen. Wy dûnsen altyd tsjininoar oan. Dat wie hearlik. Mar dy iene kear dat wie it summum. Anke hie de earms stiif om my hinne en de holle tsjin myn skouder oan. Ik hie de earms ek om har hinne. Wy dûnsen amper en ûnderwilens besocht se noch tichter tsjin my oan te krûpen. Ynienen fielde ik dat se slop waard en dat se falle soe as ik har losliet. Se hong om my hinne as hea om 'e skûte. Doe woe ik dea. Har lichem wie smoarhyt en ik woe dat wy yn 'e brân fleagen. Doe't de muzyk ophâlde kaam se wer ta besleur. ‘As ik dy net fêsthâlden hie wiest der leau ik hinne fallen,’ sei ik. Se sei: ‘Ik wie bewusteleas. Mar no wol ik neat mear.’ ‘It wie hearlik,’ sei ik. ‘Ik wol it der net mear oer hawwe,’ sei se, ‘ik wol der net mear wêze.’ ‘As hea om 'e skûte,’ sei Dette, ‘dat wit ik ek noch wol. Ik woe wol dat my dat nochris oerkaam.’ ‘Ik bin op 't stuit tefreden,’ sei ik. ‘Ach jonge, ik ek wol.’ Ik stelde har út om noch in flesse wyn oan te brekken. ‘Ja,’ sei se, ‘en as wy him op hawwe gean ik sa slop as in dweil om dy hinne hingjen. Ast my dan noch hâlde kinst.’ |
|