ik wol noait dea
Yn 'e foarste pleats is de âlde mem fan de boer stoarn. Se woe deagean op 'e pleats dêr't se berne en altyd wenne hie en dêrfoar hiene se har út it fersoargingstehûs helle. Se hie op 'e pleats noch twa dagen libbe. Ik hie mei de boer foar op 'e dyk stien te praten en doe hie er my it ferhaal dien.
Ik siet niis yn it finsterbank te sjen hoe't se útdroegen waard.
Ik tink oan ien fan myn jierdeis. It wurd dea foel en ik sei: ‘Ik wol noait dea.’
‘Nee, der is gjinien dêr't it sa goed mei giet as mei dy,’ sei myn âldste dochter.