hea
Hea is der om yn te frijen.
Myn tredde houlik wie wat dat oangiet in mislearring. Tet woe in soad, sei se, mar se stoar leaver as dat se mei my yn it hea lizzen gong.
Mar mei Dette ha ik it wer troffen. As wy ûnderweis binne en yn in stik lân hea lizzen sjogge jouwe wy ús der daliks yn del.
Ik bin wat it frijen yn it hea oangiet in allesiter. Ik wol yn it hea frije wêr dan ek.
Myn earste frou woe myn ôfwiking, sa't se it neamde, wol ynskikke, as it mar bleau by frijen yn in heaberch.
Myn twadde frou fûn it wol bêst, as it mar barde op it hea yn 'e golle fan in boerepleats.
Sawol yn myn earste as twadde houlik wie it sadwaande altyd in stikeme saak. Dat wie foar Anke en Els de sensaasje, wylst it my om 'e rook fan it hea gong.
Myn tredde frou stoar dus leaver.
Myn fjirde frou hie neat op frijen yn it hea tsjin as it dan mar op in pream mei hea wie. Mar preammen mei hea seach men net mear.
Dette wol it gelokkich oeral wol. Dat is maklik. It is simmer. Der wurdt wol in protte kuile, mar der wurdt gelokkich ek noch hea wûn. Dette en ik ha in prachtich houlik.