de bergen yn
Se lûke my oan as se mear donker as giel-oranje en rôze binne en der grut en ymposant útsjogge. Se binne der sa no en dan. Op sokke tiden hoecht myn frou net by my yn it finsterbank te kommen, want dan bin ik der net.
Dat wie jûn sa.
Ik kaam oerein en sprong op myn hynder. Ik hearde myn fyfde frou roppen dat se mei woe, mar ik fjouwere de prêry al oer en yn in sucht wie ik oan 'e foet fan 'e bergen.
Se riisden ûnmjitlik heech foar my op. Wylst ik se beklom bôgen se oer my hinne. Myn hynder spande him ta it uterste yn. Ik geniete fan syn snuven, fan de dampwolkjes út syn noastergatten, fan it skrassen fan syn hoeven op 'e keale rotsgrûn. De oerweldigjende stilte loste op yn it rûzjen fan in berchstream.
Ik wit noait hoe't ik weromkom. Ik wit allinne mar dat ik my op in stuit bewust wurd dat ik al nei wat sit te sjen.
Dizze kear seach ik nei de glânzjende silverkleurige auto dy't de reed del ried en by de earste pleats it hiem op draaide.