foar waar en wyn
Ik hâld no ek fan myn finsterbank op it westen om't ik wit dat er foar waar en wyn leit. Hy leit mear foar waar en wyn as dy op it noarden en easten.
In dak rottet oan 'e noard- en eastkant lang sa gau net as oan 'e west- en súdkant. Sa leit it ek mei finsterbanken.
Dat wist ik net, of better sein dêr ha ik my noait bewust fan west, hoewol't ik yn withoefolle huzen wenne ha dy't ek net nij mear wiene. Mar no't ik yn in âld hûs wenje dêr't yn gjin jierren wat oan dien is kom ik sokke dingen einlings te witten.
It dak is oan 'e noard- en eastkant noch hielendal geef, mar oan 'e west- en súdkant stek ik sa mar mei de skroevedraaier troch it hout hinne. Troch de ynfloed fan de sinne sit yn it hout oan 'e west- en súdkant mear wurking. Myn finsterbank sitte barsten en rotterige plakken yn. Gelokkich kin ik der noch net mei de skroevedraaier trochhinne stekke.
Ik sei tsjin Dette, doe't se nêst my yn it finsterbank siet: ‘Dit is krekt ús plakje.’
‘Hoesa?’
‘It leit foar waar en wyn. Wy ek.’
‘Ik bin net sentiminteel oanlein,’ sei se, ‘neffens my sitte wy yn 'e sinne en yn 'e lijte.’
‘Wy lizze foar waar en wyn,’ sei ik.