Ike
In heal jier lyn is Ike by ús yn it doarp kommen te wenjen. Al rillegau kaam se by ús oer de flier. Myn fyfde frou is mei har yn 'e kunde kommen. It binne freondinnen wurden.
Mar de lêste tiid komt Ike mear om my as om Dette. Se giet dan by my yn it finsterbank sitten. Se jout har faker njonken my del as myn frou. Ik mei der graach oer dat se by my sit. Myn frou seit dat se my mei de eagen opfret. Ike sei earjuster tsjin my: ‘Do springst altyd mei Dette oer de sleat.’
‘Hoe witst dat?’ sei ik.
‘Dat hat se my ferteld.’
Juster sei Ike dat se in kear iten foar ús meitsje woe, mar dat wimpele Dette ôf.
Myn frou seit: ‘Moatst út it finsterbank weigean as sy der oan komt.’
Ik sis: ‘Gean do dan nêst my sitten, dan kin sy der net mear by’
Mar dan seit Dette: ‘Dat doch ik net. It leit op dyn wei.’