It libben sels
(1997)–Piter Boersma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 12]
| |
[pagina 13]
| |
learde. Ik ha gjin bân mei har en se lizze Dette en my gelokkich ek gjin striebreed yn 'e wei. Ik bin gek op bern. Ik hingje yn prinsipe it meast oan myn eigen, mar dy ha it trochstrings net sa op my stean, wylst ik it mei dy oare seis altyd goed fine koe en kin. Gjinien fan 'e tsien sjoch ik op 't heden in protte. In moanne lyn wie ik yn 'e sande himel doe't ik yn 'e stêd myn ien nei âldste bern tsjinkaam en se my net sûnder wat te sizzen foarbyrûn. Se wie mei in jonge en kaam laitsjend op my ôf. ‘Hoi,’ sei se, en tsjin 'e jonge nêst har, ‘sjoch, dit is myn echte heit. Dat falt net ôf, no.’ Ik hie har noch noait sa oerdwealsk meimakke en profitearre dêr daliks fan troch harren te traktearjen op kofje mei appelgebak. Myn dochter makke my dy kear gjin inkeld ferwyt. Se hyt Amarins. Se hat my ferbean om it tsjin har of yn har bywêzen oer myn eigen heit en mem te hawwen. Dat ik solderbewenner west hie dat woe se har net yn 't sin bringe litte en al hielendal net troch my. Durk, myn âldste soan, hat my ferbean om dêr't hy by is te fertellen dat ik him al foar op 'e fyts hie doe't er noch mar amper sitte koe. ‘Want dan moatst it oare der ek by fertelle,’ seit er. Afke, myn tredde bern, seit dat se gjin âlde papieren sjen kin sûnder der oan te tinken dat har heit en mem skieden binne. Klaas, myn fjirde bern, seit altyd tsjin my dat er letter yn in hûs wenje wol dêr't gjin hok by is. De bern fan myn twadde frou hite IJsko en Patat. De bern fan myn tredde frou hite Suertsje en Drop. De bern fan myn fjirde frou hite Gewoane Sjips en Paprika Sjips. Myn eigen bern en dy seis oaren neame my Stik Tsiis, Nuts, Reep Sûkelade en Augurk. |
|