- se wist altyd krekt wêr't ik tahâlde - sei se: ‘Dêr wol ik dy net altyd ha.’ Mar ik begûn op 'e fliering te wenjen, want ik koe der mar gjin genôch fan krije om 'e papierebrot fan myn heit en mem troch te noaskjen en it oare guod fan alle einen en kanten te besjen. Mar ús eigentlike probleem wie dit. Ik koe min by myn twadde frou yn 'e keamer ferkeare om't wy it noait pratende hâlde koene. As ik oer wat begûn begûn sy oer wat oars. Ik bin by har weigien doe't wy it folgjende petear hân hiene.
‘Wy ha ús op inoar fersjoen,’ sei se, ‘ik hie dy doe yn dy bar de rêch ta keare moatten, mar ja, doe hie ik dy noch net praten heard. Do bist trouwens pas begûn te praten doe't wy troud wiene.’
Ik sei doe: ‘Do dochst altyd de mûle pas iepen as ik him iepen ha.’
En doe sei sy noch: ‘Wat tochst dan!’
Yn it hok - dêr't ik yn myn tredde houlik wenne - makke ik kninehokken en -stjelpen en fûgelhokjes. En ek boartersguod foar de bern en sels in bêd. Myn tredde frou waard der sljocht fan en woe op 't lêst neat mear fan my witte. Se is by my weigongen om't ik neffens har allinne mar mei har op bêd woe en as ik myn sin net krige mei de lilke kop nei it hok ta gong.
Myn fjirde frou koe der net oer as ik siet te lêzen. Doe bin ik der mei ophâlden om by har yn 'e keamer te sitten en ferhuze nei de biblioteek, de keamer dêr't myn boeken al earder hinne rekke wiene. Myn frou neamde dy keamer de boekekeamer.
‘Biblioteek,’ ferbettere ik har yn 't earst, mar se naam dat wurd net oer en doe ha ik it mar gewurde litten.
Wylst ik yn 'e biblioteek siet, siet sy foar de televyzje. Of se hie in freondin of buorfrou op besite. Op in jûn kaam ik de keamer yn en doe lei se mei Foppe, in freon fan ús op 'e bank. Se lutsen har neat fan my oan. Doe bin ik fuortgongen.