myn earste houlik en wêr't ik doe wenne
Yn myn earste houlik wenne ik op 'e fyts. Wy moasten trouwe en fergeemje, ik koe it yn 'e hûs net úthâlde. Ik siet by alle soarten waar op 'e fyts. Yn it bysûnder wie ik doe sljocht op fytse mei hurde wyn en reinwetter. Dat is sa bleaun. It duorret altyd even, mar as ik der ien kear troch bin is op 'e harsens yn 'e wyn op fytse en jin dweiltrochwiet reine litte foar my it summum fan gelok. Foar dat earste houlik wenne ik noait earne sa as in dowehâlder yn syn dowehok, doe wenne ik gewoan dêr't de oaren ek wennen.
As it moai waar wie gong Anke wolris mei en doe't Durk sa grut wie dat er foar yn it sitsje sitte koe gongen wy hiel faak te fytsen.
Mar ik gong te faak allinne.
Op in kear doe't ik thúskaam fan wer in ein om fûn ik op 'e tafel in briefke, dêr't op stie: ‘Durk en ik binne te fytsen, mar wy komme net werom.’
Anke is mei Durk nei Geart ta gongen. Wy koene Geart allebeide en as wy te fytsen wiene stutsen wy gauris by him oan. Hy kaam noait by ús. Geart wie in hiemhûn. Hy wenne yn in húske oan 'e seedyk. As wy by him wiene klom ik altyd even nei boppen ta en dan fergeat ik meastal de tiid. Geart gong noait mei en Anke ek net. Ik bin letter noch ien kear tsjin Anke oer ús houlik begûn. It iennichste dat se doe te sizzen hie wie: ‘Do wiest noait op dyn plak.’