ûnder de keukenstafel
Myn fyfde frou en ik frije net allinne yn it lân. Ik nim har mei it lân om ûnder it each fan it finsterbank mei har te frijen, mar sy sleept my mei ûnder 'e keukenstafel.
As ik by har oan 'e tafel sit skopt se op in stuit de skuon út en seit: ‘Kom, ik wol dy opfrette.’ Se lûkt de klean út en smyt se oerdwealsk troch de keuken. Ik doch dan itselde.
Ik sjoch der likefolle nei út as tsjin oan om mei har ûnder 'e keukenstafel te frijen. It is hearlik om har ûnder 'e keukenstafel te befredigjen en dan sels klear te kommen, mar ik moat dan sels wol alle seilen by sette, want ik beskik ûnder 'e keukenstafel altyd mar oer in bytsje enerzjy, wylst myn fyfde frou dan net wurch kin.
Se jut my ôfgryslik op, oan gek wurden ta hast, mar ik lit my ek oan it uterste ta troch har opjutte, want oars seit se: ‘Ik ha neat oan dy’, smyt se de tafel om en giet se in ein te rinnen.