seach dat bist dochs gemien út 'e eagen. Fan Maksy koe se noch gjin spoar, gjin streekje ûntdekke. Hoe kaam Margreet derby? No gie Margreet alle hokken mei de katachtigen bylâns en rôp al de bisten yn dy hokken oan mei ‘Poeske, poeske!’ en soms ‘Hippy!’ Al hie se har eigen Hippy al lang by har âlden ynstallearre, omdat se de stêd net geskikt fûn hie foar dieren. En se hie der te faak om thús bliuwe moatten, hie se Anke ferteld.
Anke stelde út om earst mar kofje te drinken yn it restorant en Margreet ornearre: ‘Okee, dan sille we dêrnei nei de aapkes ta, want dy binne ek sa aardich!’
‘Dy smoarge apen mei harren rôse poeperts? Dêr't men sawat ferplichte is om te laitsjen omdat no ien kear ôfpraat is dat apen grappich binne?’
‘Hè toe...’ sei Margreet, ‘wat dochst soer en âldwivich. Fynst it hjir net aardich? En net alle apen hawwe rôze konten, hear. Allinne mar bavianen.’
‘O,’ sei se, mar se wie allang bliid, dat se as gewoane minsken nei it restorant stapten, sûnder dat der allehanne bisten wiene, dêr't Margreet tsjin begjinne koe te razen.
‘Ik fiel my dochs sà lokkich,’ sei se doe't se mei it leppeltsje de tsjûke molke boppe op 'e kapûtsjino derôf skepte. ‘Ik haw it wier yn gjin jier meimakke. De lêste tiid wie ik al bang, dat der noait mear wat komme soe, wolst dat wol leauwe?’
‘Unsin!’ sei Margreet, ‘elk hat wol ris in tiid dat der neat bart en dat is ek wol ris sûn foar in kear. Dat hâldt dan net daliks yn, dat men sûnder man bliuwt oan 'e bittere ein ta.’
‘Nee,’ sei se, ‘dat sjocht men no al wer oan my.’
Se dronk it kopke mei lytse swolchjes leech.
‘En dan ek noch sa'n ien as Arjen Nauta. Oeh...’ se die de eagen ticht en liet de holle achteroer sakje oant se it bekling yn 'e nekke fielde. It die har oan de tút mei Arjen tinken en se bleau eefkes genietsjend sa lizzen.
Doe't se wer oerein kaam siet Margreet har glimkjend te besjen.