| |
| |
| |
23
Mar as ik it doarp troch fyts, tusken de beide hotels troch, hear ik dat immen myn namme ropt. No binne der wol mear froulju dy't Anke hite en ik fyts troch. Ik wol nei Margreet ta en haw gjin ferlet fan dizenige kunde hjir op Skiermuontseach.
‘Anke!’ It komt fan it terras fan Van der Werff, hear ik no en it lûd komst my oars al bekend foar. It is gjin frouljuslûd en it kin Margreet dus net wêze, dy't dêr meskjin sitten gien is. Dat lûd! Ik moat wol remje, as ik it nochris hear. Dat lûd! Dy stim! Ik krij iiskâlde hannen.
Op it smoardrokke terras stiet ien. It is in manspersoan. Ik doar it net te leauwen, mar it is wol Arjen dy't dêr stiet. Yn in tel synjalearje ik, it hier koarter, in nije swart-ketoenen trui en syn âlde spikerbroek. Hy is it en hy hat my roppen.
Ik kin allinnich mar stilstean bliuwe. Ik haw remme en ik haw de fyts omkeard. Mear kin ik net dwaan. De fuotten haw ik oan wjerskanten fan 'e fyts op 'e grûn. Wat haw ik oan? freegje ik my yn 'e gauwichheid noch ôf. Gjin al te beroerde klean. De giele koarte broek en it swarte himdsje. Hy komt op my ta. Hy komt op my ta! Dan stiet er foar my oer. It foartsjel en it hege stjoer binne tusken ús yn.
‘Wat dochsto hjir?’ freegje ik mar.
‘Wat dochstó hjir?’ freget er laitsjend. En dan: ‘Ik sit hjir mei in pear freonen,’ en hy makket in sleau knikje nei it terras. Wa dan? wol ik him freegje, mar ik betink dat ik gjin part mear fan syn wrâld bin. Hy sjocht my mar oan. Ik realisearje my dat ik hjir sit omdat ik net mei him op fakânsje west haw en dat dit in soarte fan
| |
| |
terapeutysk wykein is. Margreet en ik hiene dit wykein fuort dernei ôfsprutsen. Terapeutysk, ja, dat wol, mar mei Arjen hat it yntusken net al te folle mear te krijen.
‘Hoe is it mei dy?’ freget er en sjocht my noch altiten oan. Hy laket mei de eagen en in hiele meisin fergetten wrâld is der samar wer. Us moarnsskoften, ús petearen; wat gie der ek al wer ferkeard?
‘Goed,’ sis ik, ‘bêst, prima. Mar as ik earlik bin, moat ik dy sizze dat ik der op it stuit glêd ôf bin.’
‘Ik ek,’ seit er. ‘Ik ek... it docht my hiel wat om dy hjir te sjen.’ En dan, nei my wer yn 'e eagen sjoen te hawwen: ‘Wêr en hoe bist hjir?’
‘Mei Margreet. We sitte hjir yn in hûske, by de âlde fjoertoer. En do dan?’
‘We binne hjir op 'e kemping. Hotels en húskes meie my net mear barre. Ik bin in earme studint wurden,’ en hy sjocht my oan om te sjen wat dat foar ferweech bringe sil. Ik freegje dan ek: ‘Studint? En dyn wurk dan?’
‘Haw ik opjûn. Ik hie myn nocht. Ik doch no psychology.’
Hjir wit ik neat fan, ik wist ek net dat er soks yn 'e holle hie. Dat moat er dochs yn april al witten hawwe. Sjoch, doe fertelde er al net ienris mear wat him yn wêzen dwaande hâlde.
‘Bisto noch altyd by Margreet?’ is it dan en ik sis: ‘Ja, fansels, Margreet en ik binne dochs freondinnen, net? Hoesa?’
We steane inoar wat swijend op te nimmen. Ik wit net wat ik mei syn gedrach moat. Hoe kaam er der by om my fan dat terras ôf te roppen? Hy woe my dochs noait, noait mear sjen? De krante! sjit my dan yn 't
| |
| |
sin, hy hat it faaks àl lêzen. Wat moat ik sizze as er dêroer begjint?
Mar troch al dit tinken hinne is der dy langst ek al wer, dy't samar earne wei skynt te kommen. Arjen, Arjen, datst hjir no wier foar my stiest, ik kin it net goed leauwe. Sis asjeblyft datst my mist hast, datst net sûnder my kinst. Ik soe wol mei dy trouwe wolle ast dat woest, ik soe der wol in wite jurk foar oan dwaan, ast dat woest. Sis no gewoan dat we foar in pear jier by elkoar bliuwe sille.
‘Wolst hjoed ek wat mei my drinke?’
‘Dat moat dan wol gau, want fan 'e middei sille we mei de lêste boat op hûs oan.’
Ik fyn it sels moai saaklik hearen. We sprekke plak en oere ôf, mar ûnderweis nei Margreet ta, komt my yn 't sin dat it hûs earst noch himmele wurde moat. Sa wurdt it al yngewikkeld. Boppedat sitte myn gedachten hielendal yn 'e tiis.
Margreet is optein as se fernimt fan de moeting yn it doarp. Se dûnset sawat om my hinne en se seit dat se it hûs allinne wol skjinmeitsje sil. ‘Dat haw ik foar dyn lok wol oer!’ ropt se en lit wilens in amer folrinne mei sjipsop.
‘Witst, as ik klear bin, kom ik dy kant wol út. Wat noch in aardich ein fan dit wykein, net ju?’
Har opteinens lit myn twivelriedigens rane. Sels hie ik my al sawat foarnommen om de ôfstân te bewarjen nei Arjen ta. Stel dat er de advertinsjes lêzen hat. En dêrby soe ik noait mear fan him heard hawwe, as ik net op dat stuit by dat terras lâns fytst hie. Ik moat dochs witte wat Margreet hjir fan fynt.
‘Ja mar Margreet, kin dit no wol? It wie dochs it doel
| |
| |
dat ik fan him loskomme soe, ik moast dochs begripe dat er myn grutte leafde net wie? Dat hast juster sels noch sein.’
‘Ja... grutte leafde. Nim my net kwea ôf, hear, mar wat is dat no? Dy bestiet net. Mar hy is no dochs nei dy ta kaam, net? Hast dy net oanbean...’
‘Ik seach him net ienris,’ en dat is wol frjemd, want ik haw him altyd tusken alle minsken socht. En hy wie noait, dêr't ik wie, mar no hat er hjir al in hiel wykein west en ik wist fan neat. Ik besau my.
‘Gean der mar gau hinne! Toe! En no net seure, hear! Ik fyn it sa fijn foar dy!’
‘O, eh, Margreet, der sjit my no noch wat yn 't sin dat ik dy noch freegje woe, mar dat kin fan 'e middei op 'e boat ek wol.’
‘Goed. Oant straks,’ en se wurdt wei yn it gonkje, dêr't se fierder gean sil mei de amer en de dweil.
Wat ferstuivere rin ik nei it doarp ta. Ik haw it idee dat der wat heakket, mar ik wit net wat; der bart eat bûten my om, liket it wol. In komplot fan Arjen en Margreet? Mei hokker doel? Juster sei se noch dat ik Arjen ferjitte moast.
Arjen sit al, of noch altyd, op itselde plak as niiskrekt. Ik jou my neist him del, bestel kofje. Wat is it dochs betroud, dy man neist my. Wat is der de lêste moanne bard? Hoe bin ik dy tiid trochkommen? Sa't er neist my sit, sa gewoan en sa aardich. Ik wol it wol leauwe, dat ik him sa mist haw. Ik besjoch syn skonken, syn billen, de swarte, egaal fersprate hierkes. Ik wit hoe't dy hierkes nei boppen ta fierder geane. Stel dat er my aansen freget om te frijen yn de dunen, dan sis ik gjin nee.
‘Ik haw dy o sa mist.’
| |
| |
‘Ik dy ek, Anke, ik dy ek,’ en hy sjocht my yn 'e eagen. Earne komme ús blikken inoar tsjin en dêr botse se. It is net sa dat men inoar djip yn 'e eagen sjen kin, yn in oar syn eagen ferdrinke kin. Arjen syn eagen binne fan in stielhurd blau en ik kom net fierder as dat stielhurdblauwe, ik wit net wat der yn de man omgiet. Ik kin yn syn eagen net lêze wat er no fielt. Dochs giet my in tankbere gloede troch 't liif.
‘Dêr haw ik neat fan murken.’
‘Nee, dêr wie ik te grutsk foar. En net elkenien kin dichtsje...’
In oar, raar gefoel set him by my yn 'e mage. Ik doar him amper oan te sjen. Dat lêste hat er op in guodlike toan sein, mar as ik wol, kin ik der ek in bytsje spot út helje. Ik sjoch him fansiden oan en fernim dat er my besjocht. Hy smookt.
‘Kinne we dat ûnderwerp ek oerslaan?’
Arjen laket. ‘Sa'st wolst,’ seit er dan. ‘Mar ik kin dy noch wol sizze, dat ik it net slim fûn. Ik koe dy werom oan dyn styl en fûn dat hiel aardich. Datst it diest, fernuvere my nochal. Mar it past ek wol wer by dy, leau 'k. De lêste wiken hast it net wer dien, hen? Of haw ik wat ôfleverings mist?’
‘Nee, it kloppet wol, ik bin der op in beskaat stuit mei ophâlden.’
Ik sit my op 'e knokkels fan 'e hân te biten. De mûle is my droech fan it smoken. Hjir lis ik foar it hiele folk en foaral foar Arjen. Hy is der te grutsk foar om te sizzen dat er my mist en yntusken past it sa aardich by my dat ik der net te grutsk foar bin.
‘Ik haw dy nachts sa mist,’ seit er dan. ‘O, ast wistest, hoe faak ik nachts oan dy tinke moat.’
‘Ik ek oan dy, Arjen. Nachts, mar ek by ljochtskyn- | |
| |
dei. En by it skimerjen. En ûnder it toskeboarsteljen.’
‘Ja,’ seit er en sjocht my dan wer oan. ‘Anke, soest wol wer ris by my lâns komme wolle?’
‘Fansels, dat kin altyd. Mar hat soks sin?’
‘Hoe soe it gjin sin hawwe? Wêr doelst no op?’
‘It hat meskjin gjin sin omdatsto rillegau argewaasje fan my krije soest. Ik soe wer prate wolle oer fan alles wat ik earder meimakke haw. Do soest my meskjin wer net folwoeksen fine.’
‘Ach... dêr falt meskjin wol oerhinne te kommen. Ik wit wol dat ik dat doe sein haw. Ik wie doe wurch, Anke. It wurk dat ik doe die, siet my oant sa heech,’ en hy bringt de hân oan 'e noas ta. ‘It kaam my de strôt út. Ik haw der noch hast stress fan oerhâlden,’ en hy sjocht my oan mei in blik fan no, wat seist dêr wol fan?
‘Wêrom hast my dêr neat oer sein?’
‘Ik skamme my derfoar. Ik tocht dat ik it wurk net oan koe. Dy fakânsje yn Frankryk hat myn lêste hope west om der boppe-op te kommen, mar dat is net slagge. Ik haw it doe mei dy útmakke, want ik koe op dat stuit ek net mear omtinken foar dy opbringe. En dêrnei haw ik myn ûntslach nommen.’
‘No no,’ sis ik, ‘wat in feroarings sûnder dat ik der weet fan hie.’
‘Ja, ik woe earst in pear dingen op in rychje hawwe en dan woe ik wer nei dy ta.’
‘Dan komt it tink wol goed út, dat ik hjir al wie... Arjen, ik bin bang datst dy fersinst. Der komt wer in dei dat ik dy ôffal. Yn my is neat feroare. Ik bin noch deselde. En ik haw yntusken ek gjin oar wurk.’
‘Toe Anke, dat komt allegearre wol goed. Do silst der ommers wol in kear oerhinne komme, oer dy jeugd- | |
| |
trauma's fan dy. En boppedat bin ik no psycholooch,’ laket er der achteroan.
‘Nee, it is net fansels gien en it sil ek net fansels komme. Ik piel op 't heden in soad mei dy saken om.’
‘Lit my meipiele, Anke.’
It heart sa leaf. It lokket my sa oan om 'e holle yn de holte ûnder syn skouder te lizzen en dan sil er freegje wêr't wy eefkes frije sille. Lykas dat earder sa gie.
De tafalligens fan dit wersjen hâldt my tsjin. Hoe lang soe it noch duorre hawwe, ear't er my skille hie?
Arjen krijt myn hân beet, wriuwt myn fingers. Allebeide hawwe we wat switterige hannen. Lang lyn dat ik in man oanrekke haw. Ik knyp him yn 'e fingers. Soe it wer goedkomme kinne? Ik haw my sa allinnich field, de lêste moannen. Goed, ik haw myn twivels, mar ik soe wol graach werom wolle. Ek al soe al myn muoisum wrotten en wramen fan de lêste tiid om 'e nocht west hawwe. Der wie al wat berikt: ik tel de wiken net mear. Mar ik hoech oan net ien ferantwurding ôf te lizzen fan dizze draai. Goed, oan Margreet meskjin, mar dy soe der allinnich mar bliid mei wêze.
‘Anke,’ freget Arjen deun by it ear en it kribelet sa dat der my in trilling troch de rêchbonke giet. Ik stryk mei it ear oer it bleate skouder. ‘Sille wy frije yn 'e dunen?’
Ik bin dochs wol wat ferheard fan dit útstel. Hoe kin er dat no miene? We binne dochs mei in slim petear dwaande. Ik moat der noch djip oer neitinke hoe't it allegearre komme moat en hy docht as haw ik it beslút al nommen.
‘No,’ sis ik, ‘it kin eins net, want Margreet komt hjir
| |
| |
aansen mei de pakkelaasje en dan moatte wy hjirwei.’ Hy stekt de hannen yn de hichte as in komysk wanhoopsteken. Ik moat laitsje.
‘Ik sykje dy moarn op,’ seit er op in sabeare driigjende toan. ‘Yn dyn eigen hûske, dan kinst ek net sizze datst nei hûs moatst.’
‘Dat soe ik net dwaan, as ik dy wie.’
‘Hoe no? Hast dan de iene of oare gearkomste fan 'e skoalle?’
‘Nee, ik bin de hiele jûn thús. Mar ik leau net dat ik der oan ta bin om samar wer mei dy op 'e nij te begjinnen as hat der gjin lijen west.’
‘Mar do wolst dochs wol wer mei my fierder. Dat stie yn alle gefallen dúdlik yn dy gedichtsjes fan dy te lêzen.’
‘Dat wie foar my in manear om it te ferarbeidzjen. Do witst net heal, Arjen, hoe'n muoite as ik der mei hân haw, om deroan te wennen datst der net mear wiest! Ik bin der noch lang net. It soe allegearre om 'e nocht west hawwe. Ik haw yn dizze fakânsje safolle prakkesearre en neitocht oer dy en foaral ek oer mysels en ik bin al wat ta ynsjoch kommen.’
‘Lykas...’
‘Lykas de wrok dy't ik foar myn âlden oer hie. Ik brûkte myn âlden as ferûntskuldiging. Trouwens, dat hast sels ek sein. En dit wykein is der wer in oare swierrichheid by kommen, dêr moat ik earst ek noch oer gear.’
‘Wat makkest it dysels wer swier. Typysk Anke Stevens.’ Ik aai him op 'e fingers om en hy sjocht swart.
‘Ast it mỳ fregest, hast gewoan in oar en sitst no hiele ferhalen op te hingjen.’
‘Doch net sa oergeunstich en healwiis. Do begrypst
| |
| |
der ek noch net folle fan, hen! Ik hâlde fan dy! Ik hâld noch fan dy, wat moat ik dan mei in oar? Mar ik wit no op it stuit net wat ik moat.’
Dan komt Margreet oer de wei oansetten mei de bagaazje. Ik wiuw en rop ‘Joehoe!’ en se komt op ús taffeltsje ta. Se fûstket mei Arjen. ‘Hallo!’ seit se fleurich, my jout se in knypeach. Ik fyn har leuk.
‘No, mei ik jimme lokwinskje?’
‘Wêrmei?’ freegje ik en Arjen prottelet: ‘Se wol net.’
‘Hèè??’ Margreet sjocht my o sa ferheard oan.
‘Nee?’ freget se my dan.
‘Nee,’ sis ik, ek al is dat ek net hielendal wier.
‘Bist hartstikke gek!’
‘Tanke.’ De triennen springe my yn 'e eagen.
‘As de dames my net kwea ôf nimme wolle, woe ik mar fuort,’ seit Arjen. Ik sjoch syn kant mar op, mar my sjocht er net mear oan. ‘Goeie,’ seit er yn it wylde wei en stapt dan sûnder omsjen fan it terras ôf.
‘Wat mankearret dy!’ Sa batst se deryn as Arjen yn de minskemannichte ferdwûn is.
‘Neat bysûnders, tocht ik?’
‘Wêrom litst dy jonge gean? Wêrom dochst sa eigenwiis? Ik begryp hjir wer neat fan,’ en nei in lange stilte, as we allebeide foar ús út sitten hawwe te stoareagjen: ‘Ik kin der wier net by. Sa'n aardige jonge. As ik dy wie, hie ik it al dien.’
En dan: ‘Do mistest him sa, datst fan mâlens net mear wistest watst diest. En no sa!’
‘Wiesto it net, Margreet, dy't sei dat ik altyd dwaan moast, wat mysels it bêste talike en wat ik sels woe?’
Se sjocht my neitinkend oan. We smoke. ‘Ja, dat wie ik, mar ik bin fan betinken datsto no tsjin dysels yngiest.’
| |
| |
‘Margreet, harkje ris.’ Wat moat ik no sizze? Ik haw it ommers sels ek noch net op in rychje. Se sjocht benijd nei my op. ‘Ik harkje,’ seit se.
‘Arjen hie doedestiids fan alles op my oan te merken, mar ek, dat ik net folwoeksen wie en dat ik tefolle mei mysels ompielde. Dêr koe er net mear oer en dêr hie er argewaasje fan krigen en doe makke er it út. Witst noch wol dat ik dy, dat wykein fuort dêrnei, frege haw oft dat wier wêze koe?’
‘Ja, dat wit ik noch wol.’
‘It iennichste datsto my dêr op antwurdzje koest, wie: Tsja. En dêr bin ik doe al fan skrokken, want ik woe graach dat it wol wat tafalle soe. En no tink ik, dat jimme allebeide wol gelyk hiene. Mar tinksto no dat it yn ien kear oer wêze soe?’
‘Ach, dat falt dochs ek wol wer wat ta, net? Do wurdst dochs stadichoan ek wol âlder. Dan geane de hurde kantsjes der wol wat ôf...’
‘Ik tink net dat dat fansels giet.’
‘De ober komt by ús lâns, ik rop him en bestel in bearenburch mei iis, sy nimt kofje mei konjak. Yn it skoft dat de man it foar ús hellet, sizze we neat, lykas sa faak al dit wykein. Is it har ek net ûntgien? As we de glêzen foar ús op tafel stean hawwe, sizze we ‘Sûnens’ en nimme in swolch.
Dan sizze we beide: ‘Hee, Anke’ en ‘Hee Margreet.’
We laitsje.
‘Do earst mar.’
‘Nee, do earst mar.’
‘Okee, ik freegje my ôf, watst no fierder silst. Wat wolst mei dit beslút berikke?’
‘Dêr kin ik samar net in antwurd op jaan. Ik bin eins fan betinken dat ik mear in beslút nommen haw oer
| |
| |
it ferline as oer wat der komme sil. Dêr haw ik net safolle doel oer.’
‘En wat woest sizze?’
‘It is hiel nuver en eigenaardich om te sizzen, Margreet, mar ik bin der dit wykein op Skiermuontseach achter kommen, dat ik mar ris wat mear ôfstân fan dy nimme moat.’
As ik har oansjoch, hat se hiele grutte eagen opset. ‘Hééé!’ raast se sawat, ‘wat sille we no wer krije? No hawwe we sa stadichoan ek wol de hichte, net? Hast ynienen dyn nocht fan my?’
‘Nee, hielendal net. Just net. Mar sjoch, doe't ik it hûs út gien bin, hasto in hiele stipe foar my west. Do regelest safolle foar my en soms bekrûpt my de gedachte, dat ik it allinnich meskjin net oprêden hie.’
‘Ach... ûnsin,’ seit se. Mei dat wurd hat se my faak treaste.
‘Meskjin wie ik net ienris út 'e hûs gien as ik dy net moete hie, dêr hie ik doe gewoan de moed foar mist. Mar do wiest der àl. En do, as persoan, hast hiel wat foar my betsjutten. Do hast my ek holpen om oer de earste perioade hinne te kommen, doe't ik sa mâl it hûs útstjoerd waard troch myn heit-en-dy. En ik wie der ek grutsk op dat ik mei dy om gie. Ik seach heech by dy op! Mar wat my dizze simmer hieltyd dúdliker waard, by myn gedoente mei Hans K., Daniël en Willem, is dat ik hiel wat besluten yn myn libben nommen haw, mei op 'e achtergrûn it tinken ‘Hoe soe Margreet dit dien hawwe?’ Op ien of oare manear woe ik it sa hawwe, dat it dy ek oanstean soe. Faaks wist ik net hoe't ik soe en dan frege ik dy en dan joech dyn miening de útslach.’
| |
| |
‘Mar ik haw dy dochs noait myn eigen miening optwongen?’
‘Nee, dat hast ek net. It leit him ek net oan dy. Allinnich besocht ik wol myn libben sa yn te rjochtsjen, lyk asto it dwaan soest. Do hast my neat optwongen, mar do makkest my wol dúdlik watst it leafst hiest. En ik miende wier, datst alles better wistest as ik. Do hast altyd in foarsprong op my hân.’
‘Ach... wat in flauwekul, dochs.’
‘Hoe sjochsto it dan?’
‘Ik haw altyd fan betinken west datst der aardichheid oan hiest om mei my om te gean. Doe't ik by jim yn 'e klasse kaam, wie dy sa muf en droech en doe seach ik oan dy, datst wol graach wat oars woest, datst mear libje woest. En ik fûn dy in aardich fanke. Ik woe dy dêr wol by helpe. Foar in skoftsje dan, bedoel ik. En oant no ta haw ik ek tocht, dat it ek foar dy earste tiid sa west hat, dat ik dyn foarbyld wie. Mar no fertelst my leuk, datst dy altyd nei my rjochte hast.’
‘Foar safier mooglik al, ja.’
‘Mar dat leit him ek wol hielendal oan dy! Ik haw dy gauris oanpoand om ris mei oare froulju om te gean, mar dêr woest nea wat fan witte.’
‘Dat sil no ek oars, as it my slagget.’
Margreet suchtet djip. De ober komt wer lâns. ‘Allebeide nochris itselde graach.’
‘Mar wêrom krekt no?’
‘Omdat ik ûntdutsen haw, dat ik earst altyd oan 'e hân fan myn âlden rûn haw, en doe, by wize fan sprekken, oan dines. Ik doch o sa myn bêst om dy nei te kommen, itselde te tinken as do. En no't my foar de earste kear dúdlik wurden is, dat ik dy yn beskate dingen net mear folgje kin, seach ik ynienen yn dat ik
| |
| |
dat oars altyd àl dien haw. Ik wol dy no net mear folgje. Dyn tinkbylden oer minsken en dyn hâlding foar dyn takomst oer, steane my tsjin, ik kin se ek net begripe. Ik tink wol dat it de trend fan de tiid is, om wer wat rjochtser te tinken en ik wit fan dy, datst net achter rinst. - Dêrom hâlde ik my ek oan dy, want dat joech my de garânsje dat ik ek net achter rûn - mar ik jou no mar belies. En eins wol ik ek net oars tinke as no.’
‘Ik wist net, dat it der allegearre sa hinne lei. Ik wurd der al wat kjel fan. En ik bin ek wol fan betinken, datst perfoarst swier libje wolst... It kin ek sa folle makliker. Ik haw oant no ta tocht, dat ik dy foar in swiersettich libben, lykas dyn heit-en-dy it foar dy ornearre hiene, behoeden hie. Mar do skynst net oars te wollen.’
‘Do wolst my net begripe. Ik bin der bliid om datst der foar my west hast. En wa wit wie der dochs wat slims bard tusken myn âlden en my, ast der net west hiest. Dat koe men fan tinken wol hawwe, ik wie thús dea-ûngelokkich wurden, want ik hear net thús yn dy sfear. Mar ik haw my tefolle oan dy oplutsen. En no sjoch ik datsto ien oan it wurden bist, oan wa't ik my net mear oplûke kin. Boppedat wol ik net mear in oar neilibje.’
‘Nee, as it wier sa mei dy is, ast no fertelst, soe ik der mar gau mei ophâlde. Moatst op eigen fuotten stean. Ik hie it net yn 'e rekken.’
‘Ik eins ek net. Oant ik hjoed op 'e seedyk stie en de wichtige mominten fan myn libben neigie. Do hiest dêr ynfloed op.’
‘Mar wêrom wolst ôfstân fan my nimme? It kin dochs ek wol fierder gean, mei ús?’
| |
| |
It docht my nij, dat se iveret foar de freonskip. Ik wist net dat dy foar har ek wearde hie, ik haw dêr noait lang oer nei doarst te tinken, benaud as ik wie foar de konklúzje, dat se it allinne mar foar my die út begrutsjen. Ik fiel in trien út ien fan 'e eachhoeken gliidzjen en fei him hurd fan it wang ôf. Dat domme froulike grinen altyd!
‘Nee, ik wol op 'e nij begjinne.’
‘Pfffft’ docht se, ‘stel dy net oan, mins! Bist fiifen-tweintich. Beskate dingen barre en dy kinst net as in bantsje weromdraaie as se dy net befalle. Wêr woest wei begjinne, fan hûs út wei, tink...’
‘Nee. Wat dochst oars flau. Ik bedoel dat ik úteinsette wol mei út te sykjen, wat ik sels wol. En om te gean mei wa't ik sels wol.’
‘Witst dat dan wol? En binne dat dan yn ien kear hiel oare minsken as no?’
‘Ach, ik wit it net. Hoe kin ik dêr no wat oer sizze?’
‘Mar wêrom moat ik dan sa fier by dy út 'e rook bliuwe?’
Ik sjoch har mei heal tichtknypte eagen oan. ‘Omdat it wol ris sa wêze kinne soe, dat ik dy net mear sa aardich fine soe as yn it begjin. Do feroarest yn in oar mins. Sûnt André praatst oars, tinkst oars.’
‘Ja, logysk. In mins feroaret. Mei it? Dus do fynst my as persoan net mear geskikt om mei om te gean. Dat is botte taal, moat ik sizze.’
‘Nee, ik bedoel dat ik net mear sa heech by dy opsjoch dat ik alles, watsto tinkst, ek tink. En dêrnei kin it wol ris sa komme, dat ik krekt wat oars tink as do. Mar dan soe ik it in slimme opjefte fine om just mei dy noch om te gean.’
‘As hiest in assertiviteitskursus folge,’ suchtet se. En
| |
| |
dan: ‘Okee! Sa kin it om my wol ta. Ik begjin ek net foar mysels te pleitsjen, dat kinst net fan my ferwachtsje. Ik gean net mei dy op 'e boat werom, ik sykje fannacht wol earne in keamer.’
Ik sjoch by har ek in trien op it wang. Daliks begjint de saak by my te streamen.
‘Ik wol nèt by dy op 'e boat sitte,’ seit se nochris, ‘ik sykje hjir wol in hotel of sa. Ik haw moarn dochs frij. Sjoch, dêr komt dyn bus ek oan.’
We geane oerein. Har wiet wang komt tsjin mines. Wêrom moat ik altyd foar drama's soargje, sjit it troch my hinne. We hawwe de earms om inoar hinne, se jout my in tút op 'e mûle.
‘It docht my fertriet, datst dy safolle fan my te nei nommen hast,’ seit se.
‘Ja,’ sis ik mar.
Der steane hast gjin minsken mear foar de iepen busdoar te wachtsjen. ‘Do moatst der mar yn,’ seit se.
‘Goed op dysels passe, hen,’ is it dan.
‘Ja Margreet,’ sis ik, mak as in laam.
Mei de triennen yn 'e eagen laitsje we.
‘Stjoer mar in kaart ast mei André troust!’ rop ik, as ik al yn 'e bus stean om by de bestjoerder de stripekaart ôfstimpelje te litten.
‘Anke!’ ropt se sabeare bestraffend, ‘net sok raar praat, hen!’
Ik sjoch noch ien kear nei har om. Se sjocht der geweldich aardich út. De eagen glinsterje. Dêr stiet se en se hat de hiele sitewaasje wer ûnder kontrôle, rjochtop en mei in grut betrouwen yn harsels. Ik gean yn de bus oan de oare kant sitten.
|
|