20
Njoggentjinhûndert fjouwerentachtich
Amsterdam, 5 maart 1984
Leave Anke,
Ik moat dy ek mar yn in brief antwurdzje, want der binne gjin oare middels fan kommunikaasje mear foar my weilein. Myn tillefoan is ôfsletten, want ik haw ferline wike de rekken net betelje kinnen. Fan in stúdzjebeurs libje is ek wol in poepetoer, yn alle gefallen foar my. En flak dêrby Amsterdam net út, it is in djoere stêd om yn te libjen. Dochs soe ik net graach earne oars wenje wolle, hear, mar hawar, dat witsto ek wol.
Doe't ik dyn brief lies, moast ik wol gnize. Do bist dêr mar dramatysk oan 'e gong west yn it hege noarden. Fan fjouwer nei neat! Hoe fielt dat no? Is it gjin gemis? Ik soe sels wol altyd ien oerhâlde, want ik mei der wol graach oer om sa út en troch by immen sliepe te kinnen. Mar do hast der fansels wol gelyk oan om dermei op te hâlden ast earne gjin heil mear yn sjochst. It moat aardich bliuwe, fansels. En op wa bist no wer fereale? Dêr skriuwst net oer. Ik bin benijd... Ik tink trouwens dat elk it yn har libben ris meimeitsje moat om in pear tagelyk te hawwen. Meskjin allinne al om te witten hoe't dat is. Ik tink wol datst der in kik fan krigen hast, mar ek datst it net gau wer dwaan silst. It is yndied in hiele organisaasje en as it allegear sa stikem moat, kinst der minsken mei kwetse. Guon manlju wolle in frou hielendal foar harsels hawwe en de measte froulju wolle dat ek wol. Sels meitsje ik der altiten dúdlike ôfspraken oer. As ik wat mei ien skarrelje, meitsje ik him wol dúdlik, dat er dêrmei gjin rjocht op my hat, want ik moat dwaan en litte