it net folle fierder as it waar, de tún en it iten.
No hoege der fansels net altyd filosofyske teoryen behannele te wurden, do witst, krekt nèt, mar de petearen dy't ik bygelyks mei dy haw of sa hiel no en dan mei Hans K. of Willem, oer minsken en sa, do witst wol, wol ik net misse.
En ear't ik it sels goed yn 'e gaten hie, skille ik Douwe en sei dat ik der mei ophâlde woe. Minder aardich wie dat er sei, dat er ek al mei dat plan omrûn hie. Mar ja, dan sit er der no ek net mei.
Ik fyn it sa raar, dat ik ditsoarte ferhalen opskriuw. Ik fyn it hielendal net by my passen. Ik haw it fansels wol gearfetsjend ferteld en myn gefoel der by wei litten. Yn 'e wurklikheid geane dy dingen fansels net sa fluch. Hawar, dat witsto sels ek wol. Ik sit dus wer sûnder keardels. Wolst wol leauwe dat ik genietsje fan de rêst dy't dat jout? Underwilens bin ik al wer fereale op in oar, mar dy is noch in hiel ein by my wei en ken my net ienris. Ik bin fan doel om earst mar ris rêstich en kalm in bytsje fereale te bliuwen.
No, ik haw de hiele tiid oer mysels skreaun, dat is fansels net sa moai fan my, mar dit moast ik eefkes kwyt. Soms tink ik dat it mar goed is, dat ús heit en mem hjir neat fan witte. Skillest, of skriuwe mei ek fansels, gau wer?
in protte leafs, Anke.
Doe't se it brief yn 'e brievebus dien hie en yn it tsjuster wer nei hûs ta rûn, miende se dat se no al ûnwennich waard nei it gefoel, dat se de lêste moannen hân hie. Fjouwer jonges foar har. En no hie se se fuort dien. As soe der daliks wer in nijenien klearstean. Mar it feit dat it har oerkommen wie, soe har fêst wol selsbetrouwen jaan. No hearde se foar altyd net mear by de luzebern, dy lêste moannen joegen har dêr de garânsje foar. It wie krekt as hearde se no wer wat mear by Margreet.