‘Ach... ik woe it eins gewoan oan dy kwyt. En ik leau, dat ik befêstiging fan dy hawwe woe, oft soks wol koe. Ik bin net wend oan sokke sitewaasjes.’
‘No, do fynst it dochs hiel aardich!’
‘Ja, dat wol.’
‘No dan, dat is dochs it wichtichst?’
‘Ja, dêr hast gelyk oan. Mar dochs bin ik der ek wol wer wat mei oan. Ik bin wol wat benaud, dat de iene it fan de oare te witten komt.’
‘Dat is dan in sneue bak foar harren. Mar is it net better dat it harren oerkomt, as dat it dij bart?’
‘No, 'k wit net. Soks soe eins hielendal net moatte!’
‘Ja, wat der allegearre net moatte soe... mar we libje net yn it paradys, hear. Ideaal wurdt it dochs net.’
Se sei allinne mar ja en doe frege Margreet oft dit tierige leafdeslibben ek de weromslach op de útskuorde ferkearing mei Daniël wêze koe.
‘Dat soe mooglik wêze, ja,’ sei se.
‘Wat jout it ek? As ik dy wie, soe ik der mar fan genietsje.’
‘No, dêr sil ik my dan mar oan hâlde. Hoe is it oars my dy? Bekomt de oplieding dy wat?’
‘O ja,’ sei Margreet, ‘o sa, mar ik haw it al drok. Ik bin oan 'e gong mei in ferslach oer froulju mei in achterstânssitewaasje yn swak-sosjale myljeus.’
‘Hoe kómst der op? Dat is fansels wol wat oars as de elite fan Switserlân betsjinje.’
‘Ja no. Hoe't ik derop kom? We moatte mei in pear fan ús groep staazje rinne yn in buerthûs yn in achterbuert fan 'e stêd en dan geane de eagen jin wol iepen foar de misstannen dy't der allegearre noch hearskje.’
‘Ja ja,’ sei se. ‘No, earst sa dan mar?’
‘Ja, bêst. In soad sterkte mei dyn lovers, hen!’
‘Danke! En do ek mei dyn ferslach! We skilje wol wer, hen!’