ris by my sjen woe. Hoe't it mei my wie en sa. Dus neat op syn lever. Ik sjoch dat er de sjerpwafel noch altyd op it kopke waarme kofje leit, sadat de sjerp rane kin. Minsken feroarje net.
‘Silst ek mei fakânsje?’
Ik antwurdzje fan net.
‘Hoe hawwe we it no?’
Syn brûken fan it meartal jout my argewaasje.
‘Wy hawwe neat!’ sis ik skerp. Hy sjocht my wakker nuver oan.
‘Ik soe mei fakânsje, mar dat giet oer.’
Hy sjocht as soe er it begripe. ‘Aha,’ seit er, ‘de ferkearing út.’
‘Sokssawat, ja.’
‘Mei dy Arjen Nauta?’
‘Mei dy Arjen Nauta. Ik moat sizze, datst goed op 'e hichte bist.’
‘Men heart wol ris wat, is 't net sa?’
Ik kin der net by dat ik ea miend haw safolle yn dy jonge te sjen dat ik der wol ferkearing mei hawwe woe. Ik jit gau it twadde kopke kofje yn, want as er dat op hat, kin er mei goed fetsoen wer opstappe. Ik freegje my hieltyd mear ôf, wat er hjir docht.
‘Hast ek wat? Ik bedoel, hast ek in freondin?’
‘O heden, ja,’ seit er en hinget wat mear achter yn 'e stoel. ‘Al hiel lang, fuortendaliks nei dy eins al.’
‘No, sjoch ris oan. It wie dus mar goed dat ik der doe in ein oan makke haw.’
Hy gluorket my troch de eachteisters hinne oan. Hy liket al gemien op dizze wize. Sa haw ik him eartiids noait sjen sjoen.
‘It hie oars ek wol op in wat fetsoenliker manear kinnen, dat útmeitsjen fan dy.’