14
Njoggentjinhûndert trijentachtich
De jonge dy 't krekt sein hie, dat er Harm hiet, bestelde foar har in fyfde reade wyn en se wijde in fiere tins oan it feit dat se mar fjouwer reade wyn ferneare koe om gjin pineholle te krijen. Mar it koe har net al te folle skele hoe't se har moarn fiele soe. Dizze Harm seach se faaks net wer, want sa'n soad kaam se hjir net yn Harns.
‘Harm út Harns,’ gichele se.
‘Harm yn Harns, silst op doele,’ sei de jonge en Anke seach op nei syn eagen. Sa'n kreaze fint stie se net alle dagen mei te praten. Se fielde oan dat er har aardich fûn en se waard wat senuweftich by it witten, dat se syn oandacht no beethâlde moast. Se sette de glêsrâne tsjin de ûnderlippe en frege boppe it glês: ‘Wêr komst dan wei?’
‘Ut Achterlo en út Rotterdam en út Flaardingen.’
Mar se gie net op it grapke yn en wie in stik helderder wurden by it neamen fan de plaknamme fan Achterlo.
Dêr haw 'k wenne,’ sei se optein, ‘yn Achterlo.’
Hokker strjitte woe de jonge witte. ‘Yn 'e Ootmarsumsestrjitte. Yn in ateljee.’
‘Ferdomd sis! Ik ek! Yn dy strjitte, bedoel ik. Wannear hast do dêr wenne?’
Se moast eefkes neitinke want it stie har allegearre net mear sa klear foar de geast.
‘Kinst Margreet Lentink?’ frege se, doe't se der net op komme koe.
‘Ja!’ rôp de jonge, dy't Harm hiet, ‘dat wie in aardige faam, sis, dêr koest wat mei belibje!’
‘Dat is myn freondin. Margreet wenne dêr doe ek.’