‘It is net sa'n toer, hear. Soms is it sels makliker, want men kin gean en komme wannear't men wol en men hat earder kontakt mei oaren.’
‘En dat slagget altyd?’
‘Meastentiids al.’
‘Hast George ek noch troffen? Dy wie dêr ek fan 't wykein, fertelde er my juster.’
‘Nee, wêr hat er dan sitten?’
‘Ik leau fan yn “De drie Ruiters”. Kin dat?’
‘Dêr is wol in bar dy't sa hyt, mar dêr haw ik net west. Oars hie 'k him wol troffen, tink ik.’
In waarmte falt oer my hinne, de fuotten trilje my en it komt my foar as heart Sjoukje, en mei har al de bern op it plein, myn stim stykjen.
Foardat Sjoukje hjir op antwurdzje kin, komt Harry de doar út en klapt yn 'e hannen. It is tiid gelokkich.
Wurde filtsjes net altyd fuortendaliks weikipere as de klant de saak ferlit? Dat fraachstik hâldt my it grutste part fan de dei dwaande en as ik de bern hieltyd oanfiterje moat om se stil te krijen, wit ik dat ik sels de reden fan de ûnrêst yn de klasse bin. Juf Stevens is der hjoed net by mei de holle. En George sjoch ik de earste dagen mar net mear oan.
Nei in wike haw ik noch neat heard. Hy hat it dus net lêzen. Dochs lêst er dy krante al. Ik besykje it nochris mei in oar fers en ik fernim dat it my rêst jout. As haw ik in útlitklep fûn dy't grut genôch is om myn fertriet te befiemjen. En wylst ik myn fertriet wrâldkundich meitsje, liket it my ta, dat ik minder oan Arjen tink. De ûngerjochtichheden geane der op sa'n manear miskjin wol út, al wit ik net wat der yn my oerbliuwt.