‘No, eamelje dan ek net sa... want dat dochst wol wat, fyn ik.’
Ik swij en meitsje in acht yn de spiraaltried fan de tillefoan. It stadium fan it yn acht nimmen fan earbied foar myn leafdesfertriet sil ûnderwilens wol foarby wêze, neffens it ferwurkingsproses fan Margreet.
‘Anke!’ ropt se no, ‘hee, bist der noch?’
‘Ja, fansels bin ik der noch, oars hiest it wol fernommen.’
‘Bist no lilk?’
‘Nee, ik leau fan net. Mar ik fyn al datst der maklik oerhinne fljochst. Ik mis Arjen o sa. Hy betsjut safolle foar my.’
‘Neffens my hasto tocht, dat hy de prins op it wite hynder wie.’
‘No ja. Hy kaam der yn alle gefallen wol ticht by. En no moat ik mysels der wer ta wenne dat er it net wie. Dêrom haw ik der gjin nocht oan om mar fleurich yn in bar sitten te gean. Trouwens, men seit al dat ik der min útsjoch. Sjoukje, myn kollega, fûn dat ik der mar ris mei har oer prate moast.’
‘O leuk,’ hear ik Margreet, ‘en dat hast dien?’
‘Nee, wat haw ik mei Sjoukje ûnder de klep?’
‘Mar dat kin dochs hiel goed wêze... do hoechst dy dochs net fan elkenien ôf te sluten?’
‘Mar ik slút my net fan elkenien ôf. Ik praat mei kollega's, ik praat mei de minsken op 'e dyk, ik praat mei dy... nammers, it sjit my no yn 't sin datsto mỳ skillest en we eamelje wol moai oer my, mar hiest ek wat te sizzen?’
‘Ja. Wat minder aardichs.’
‘Sis it mar. Krijst in bern?’
‘Nee, hâld op sis. Do al?’