‘Ik leau fan net,’ sei er, ‘mar ast it my fregest, tink ik datst it noait fine silst. Do fersjochst dy op guon minsken. By guon sjochst sa heech op, dy't dat hielendal net wurdich binne. Margreet bygelyks...’
‘Lit Margreet derbûten, wolst?’
‘Oan Margreet mei ik net komme, hen? Margreet is dyn alles! En ûnderwilens sjochst de minsken dy't fan dy hâlde net, of do achtest harren fier ûnder dyn stân.’
‘Fal dea!’ sei se en har stim strille, hearde se. Dat er dit sa planút sei, sûnder omwynsels, kaam har te bot oer 't mad.
‘Wat witsto winliken fan my?’
‘Bern, ik wit safolle oer dy. Ik haw fereale op dy west. Ik haw in stúdzje fan dy makke. It hiele ôfrûne jier, foar ast it fergetten wiest.’
Se rekke der ôf. Dit ûnderwerp joech gjin foech en hie gjin nut oan it begjin fan fjouwer wike fakânsje. Mar hy ferfette: ‘Lokkich haw ik it sûne ferstân brûkt en begrepen datst net op my fereale wurde soest omdatst sa mei dy ferneamde trauma's fan dy sitst. Ik bin hjir mei sin noait oer begûn, want it die my sear, datst sa min oer my tochtst.’
‘Wêrom dan no àl?’ frege se koart. Om har hoegde dit petear net. Dy jonge frege derom om ôfwiisd te wurden. By de wetterkant, dêr't se no belâne wiene, wie in stek yn it wetter útset, dat in gebiet fan in foech fjouwerkante meter omfieme. Dêryn dreaunen trije swannen. Op it bankje derfoar wiene se sitten gien.
‘Omdatst niiskrekt oer dyn jeugd begûnst en omdat ik dy no al fêst fertelle sil dat ik gjin ferlet haw fan dyn jeremiades.’
‘Woest allinne fierder?’ frege se spotsk en knipte har útgiene sjekje nei de swannen, dy't faaks tochten dat it bôle wie, sa stoden se der op ôf. It bleau dernei in hoart stil. Doe sei Hans K. dat it wol om-en-de-by alve oere wêze soe en dat se dy kant wol út mochten. Swijend rûnen se de koarte wei, oer de brede