8
Njoggentjinhûndert twaëntachtich
‘It wie gewoan net wat ik woe. Ik helle de tintamens wol, mar ik hie mar acht oeren kolleezje.’
Margreet har stim troch de tillefoan. Se hearde har de reek útblazen, swier, út gewoante.
‘Mar do fûnst it dochs sa nijsgjirrich, seidest de lêste kear?’
Jawol, mar ik die neat En ik wie bang dat dat noch jierren trochgean soe.’
‘Mar dyn takomstplannen dan? Do woest en soest psychologe wurde...’
‘Tsja, dat kin no net mear fansels.’
‘Gòh, ik moat eefkes fan dit nijs bekomme, hear... datst my dat net merke litten hast, datst dy wat ferfeeldest.’
‘Ja, dat is dan wat ûnnoazel fan my, mar dêr skamje ik my dan wat foar en ik woe net fuortendaliks begjinne te eameljen dat dy stúdzje my wat ôffoel.’
‘Ja ja,’ sei se en tocht dat se soks fan Margreet net wist.
‘En no sil ik nei de Sosjale Akadeemje.’
‘Nee-ee,’ sei se, ‘nee, dat mienst net, wol?’
‘Ja, dat liket my wol wat ta. En wêrom net?’
Ien fan de aardige kanten fan Margreet fûn se, wie dat it krekt like as siet se op in Sosjale Akadeemje mei har linkse ideeën en frije dwaan en litten, wylst se oare opliedings folge. Mar no naam se dus dochs de stap nei in berop dêr't se it oansjen al fan hie: dat fan maatskiplik wurkster.
‘Ik haw wat op dy oplieding tsjin, ik kin der neat oan dwaan. Lju, dy't dêr op ôfstowe, kinne foar dy tiid noch oarizjineel yn har hâlden en dragen wêze en tinke dan noch myld oer de minske as yndividu. Mar as se derôf komme, binne se allegearre ge-