namme foar juster te prykjen. Sjoukje komt deroan sloffen, dy sil wol om de kofje sykje want dêr skynt se net sûnder te kinnen.
‘Soa juf,’ seit se, ‘hast al kofje?’
Juf Sminia,’ knik ik, ‘ik bin mar mei it ôfwaskjen útein set.’
Sjoukje krijt in skûteldoek... ‘Aansens gearkomste, hen?’
‘Ja,’ sis ik, ‘ik haw der neat gjin sin oan.’
‘Tochtst fan ik àl?’
‘No ja, eins al.’ Ik sjoch har oan om te sjen hoe't se dat opnimt. Ik sei it heal út 'e grap, mar wol gauris tink ik dat Sjoukje graach fergaderje mei.
‘Hoe komst der by?’ freget se wat ferwûndere.
‘Do seurst der net oer. Men heart dy net kleien.’
‘En dêrom soe ik mei langst útsjen nei alle gearkomsten?’
‘No nee, dat ek wer net, fansels, mar dochs... do skynst it wol nei 't sin te hawwen yn dyn wurk en mei alles wat der by heart. Tink derom, hjir sit in barst yn.’ Sjoukje pakt it kopke fan my oan en lit it falle boppe de flier. Dan bûgt se har om de diggels op te krijen. ‘Asto ris nocht hast om by my lâns te kommen, lit dy dan net wjerhâlde troch it feit datst noch noait west hast,’ seit se, lûder as niiskrekt. Se smyt de diggels yn 'e pedaalamer. Ik sjoch oer it skouder nei har. Wat is der mei Sjoukje? Wat moat ik by har thús útfine? Soe se swierrichheden hawwe? Dan kin se better by in oar oanklopje, want ik haw genôch oan myn eigen.
‘Hoesa?’ freegje ik dochs mar.
‘No Anke, om dy earlik te sizzen, fyn ik datst der de lêste tiid mar min útsjochst.’
‘O. O ja?’ Ik wurd der dochs wat kjel fan. ‘No ja, ik