den skille om it nijs troch te dwaan.
Trijerisom giene se nei ‘De Herberg’. Achter harren oan kamen Gonda, Joop, Hilly en Kees.
‘Wat hasto foar broek oan? frege Anke ferwûndere, doe't se de skonken fan Margreet yn in wite learen broek ûntdiek. ‘Fynst dat moai? Lear?’
‘Ja,’ sei Margreet, ‘do net?’
‘Ik bin der net wei fan. Men moat der fan hâlde.’
‘Sa is't,’ sei Margreet. En doe, hoeden: ‘Ik haw 'm jatten.’
‘Nee...’
Jan Kees seach ek raar op en woe witte wêrwei.
‘By “Range Road”. It gie mei gemak.’ Margreet rûn mei de noas yn 'e wyn en Jan Kees lake. Anke rûn deroer te prakkesearjen. ‘Wêrom dochst soks?’
‘No, ik wie slij nei dy broek en ik kin him net betelje. It is dochs myn skuld net, dat ik der gjin jild foar haw?’
‘Datst it doarst,’ suchte se, mar Margreet en Jan Kees hiene it al oer wat oars.
By ‘De Herberg’ stiene de stuollen bûten, achter de saak op it stikje beton dat ynboud wie tusken de huzen. Se gie der achteroer yn 'e sinne sitten. Jan Kees en Margreet hearde se de lêste tentamens besprekken. Margreet soe nei Amsterdam. Moast se heit en mem no wol of net tynge dwaan fan it feit dat se slagge wie? Nije wike mar ris. Dan koe se ek al berjocht hawwe fan dy skoalle út Mardum yn Fryslân. Mei de eagen ticht harke se nei de lûden om har hinne. It wie as hie de sinne ien striel foar har ornearre. De bantsjes fan har topke die se by de skouders del. De rok die se in ein boppe de knibbels. Se wist Kees en syn konsorten yn 'e buert. Kees moast ivich spyt krije as er har hjir sa sitten seach, genietsjend yn 'e sinne en mei in glês wyn yn 'e hân. Fan al dat learen op it platte dak yn 'e sinne wie se moai brún wurden en dat misstie har net, likemin as it hier dat wat ferblikke wie troch de sinne. Se hie it de lêste moannen