3
Yn 'e trein nei Fryslân moat ik fêststelle dat der net folle mear bard is yn Amsterdam as dat der twa dagen om gien binne. Twa dagen, dy't my fierder fan it tiidstip ôf bringe dat ik Arjen foar it lêst seach. Mar wat jout it tellen fan dy dagen as der neat ôf te tellen falt, as ik net earne nei útsjen kin. Wat binne trije dagen, ôfset tsjin de ivichheid?
Sil ik him skilje en hiel gewoan freegje hoe't it mei him is? Dêr soe er dochs neat op tsjin hawwe moatte? Soks moat dochs mooglik wêze as men inoar acht moannen lang foar de meast ûnbenullige saakjes skille hat? It is dochs net natuerlik om sa'n bân troch te snijen?
Myn terms wurkje fuortendaliks op dizze tinzen; ik krij pine yn 't liif by it tinkbyld fan in tillefoanpetear mei Arjen. De lêste kear wie er o sa dúdlik. Ik kin net beare dat ik fergetten bin dat er my it swijen oplein hat. Ik mei him net mear skilje. It moat sa wêze dat er ferjitte wol dat er ek noch fan my hâldt.