hearde it laitsjen fan Loes by de treppen op kliuwen. Se ferskikte wat op 'e kessens, fielde har ûngemaklik. Loes hie hjir in hiel skoft net west. Margreet en Loes wiene de lêste tiden net mear sa folle by inoar en Loes sei hàr de tiid fan 'e dei net mear. Se die it brief yn it kefert.
Margreet en Loes kamen deryn. Margreet die drok en Loes liet har stadich yn 'e stoel sakje. ‘Loes freget oft we jûn mei har geane, nei “The Red Cow”,’ sei Margreet en seach har oan. ‘Geane jimme mar,’ sei se, ‘ik sil einliks ris wat dwaan oan myn lêslist foar psychology.’
‘Hast dêr dan noch neat oan dien?’ frege Loes en helle heechút: ‘Jémich!’
‘Nee,’ sei se. ‘Mar dat hat syn reden fansels ek wol.’
Loes seach gau nei Margreet en doe wer nei har. ‘Hoe no?’ ‘Ik moat in keamer hawwe, want ik wenje net mear thús.’ ‘Soa,’ sei Loes en se miende der al wat fan ôfgeunst yn te hearen. ‘No, dat is mar moai foar dy.’
‘Okee,’ sei Margreet, ‘ik helje dy jûn wol op, Loes. Anke en ik moatte no earst ite. We hawwe te min iten, oarst koest wol meiïte, fansels.’
‘O, nee,’ sei Loes, ‘ik moat no ek nei hûs ta, want ús mem hat it iten al ree, tink ik.’ En doe wipte se de doar alwer út.
Under it iten sei Margreet dat se der benijd nei wie, hoe't de jûn ferrrinne soe mei Loes. Anke sei net safolle. It wie har allike folle wat Margreet jûn dwaan soe, it brief siet har goed dwars. Doe't op 'e lêsten de doar achter Margreet yn it slot foel, rûn se de trep ôf nei ûnderen nei de tillefoan. Se skille Durk. Se hie der ferlet fan te witten dat se bûten Margreet om, ek oare kunde hie.
Durk stie al wat fersteld, fernaam se wol, fan it relaas dat se him die oer har eksodus, lykas se it sels mei in grapke besocht te beskriuwen. Se murk, dat er wat mei har skiljen oan wie, mar Durk hie de iennichste fan de praatgroep west, dy't se yn