| |
| |
| |
26
‘Moatst ris sjen, wat ik hjir foar dy haw!’ Margreet kaam boppe en die de doar fan 'e keamer iepen. Anke, dy't earder thúskommen wie omdat se fan har praktykskoalle ôfkommen wie, fearre oerein fan it bêd ôf. Se lei al in healoere sa. Margreet prottele sabeare en dêrnei lange se in kevert oer. ‘Post foar dy.’
It wie in brief fan har âlden. Anke wie der hielendal ôf. Wat hiene dy har no te skriuwen? Wat soe der wêze? Meskjin wol wat mei beppe of in oarenien fan 'e famylje. Margreet socht om in skjirre, mar se hie it brief al mei de pink iepenskuord.
Oan Anke Stevens, stie der boppe. En fierder: Do dochst ús o sa'n fertriet mei sa lang wei te bliuwen. Witst wol watst ús oandochst? Mem leit alle dagen mei pineholle op bêd en heit hat in pear dagen thús west fan skoalle. We prate in soad oer dy, mar no wolle wy ek mei dysels prate. Wolst sa gau mooglik nei hûs ta skilje? Heit en mem begripe ek net, datst salang by in oar doarst te bliuwen en datst dy lestich falst mei saken dy't allinne ús trijen oangeane. We rekkenje derop, datst gau skillest. Heit en mem.
Se fertelde Margreet wat deryn stie.
‘Se witte tink net, wat se dy oandogge,’ sei Margreet. Ach,’ sei se. En doe: ‘Ik moat dus nei hûs ta. Ik bin der wol mei oan.’
‘No, dat is dochs moai,’ sei Margreet.
‘Moai? Hoesa?’
‘Dan kinst se ek daliks fertelle datst harren nedich hast by de ferklearring dat se finansjeel neat mear mei dy te krijen hawwe wolle.’ Dizze útfynst hie it risseltaat fan Margreet har skiljen en skriuwen nei Grins west:
| |
| |
Anke soe wol op keamers wenje kinne, mar dan moast heit in ferklearring ûndertekenje dat er Anke noait mear ûnderhâlde soe en dat se inoarren nea seagen. Dat soe er dus noait dwaan. Hy soe har oant de dea ta grutbringe wolle.
Margreet sei no dat se 't yn alle gefallen wol besykje moast. Koest noait witte. Dêrnei oefenen se de hiele jûn hoe't Anke it sizze soe. Margreet spile foar har heit en ek al hie se him noch noait sjoen, se imitearre him as seach se him alle dagen. Anke wie hieltyd slop fan laitsjen en foel dan út 'e rol.
Ast moarn ek sa dochst, freegje se harren wol ôf fansels, wêr'tst al dy sênes om makkest,’ sei Margreet, nei wer sa'n stikje toaniel dat net ôfmakke waard omdat Anke siet te gicheljen en net mear ophâlde koe.
‘Sênes?’ frege se doe. Op slach wie se ophâlden mei laitsjen.
‘No ja,’ sei Margreet. ‘Sy fine fansels datsto sênes makkest. Ik net, hear.’
Se hie deselde jûns noch mei heit skille en se hiene hiel gewoan praat, as soe se fan in fakânsje thúskomme en no ophelle wurde fan it stasjon. Se hiene ôfpraat dat heit har de oare deis mei de auto fan 'e trein helje soe.
De Taunus fan heit stie der al, seach se, doe't se troch de grutte hal fan it stasjon fan har wenplak rûn. Acht dagen hie se hjir net west. Al dy dagen hie se earne oars west as thús. It wie hiel wat oars as men útfanhûs wie of as men net yn jins eigen hûs wêze woe. No waard se wer nei it hûs ta riden, dêr't se út weiglûpt wie. Soe it rút al makke wêze? Heit die freonlik en se praten oer it waar dat noch altyd like moai wie. Se prate automatysk mei, se wist dat de drege petearen
| |
| |
oansnien wurde moasten mei in ynlieding.
Thús hie mem de achterdoar al iepen. Mei ien foet stie se op 'e drompel, mei de oare op 'e tegels. Se kaam der net wei en Anke rûn op har ta.
‘Goeie, mem,’ sei se en mem seach har eefkes oan mar sei neat. Anke fielde in grut ferwyt yn dy eagen en tocht dat it noch wol ris dreech wurde kinne soe. As heit en mem noch yn de faze fan it ferwiten wiene, koe se wol fan de bok dreame. Dan kaam se hjoed noch net ta oan dy ûnôfhinklikheidsferklearring.
Se rûn fuortendaliks nei boppen ta, nei har sliepkeamer, om har hântwurkjen op te heljen, mar mankelikens kaam oer har, doe't se om har hinne seach. Hjir soe se ek ôfstân fan dwaan moatte. De sinne skynde syn middeisljocht troch it skeane rút en dit brocht har al dy middeis yn 't sin, dat se hjir har húswurk makke hie. Soms mei de gerdinen ticht as de sinne te ljocht en te waarm wie, mar meast hie se de sinne op it ljochte, lange hier falle litten, sadat se der in goudene gloede op seach as se troch it hier hinne gluorke. Foar har ferskynde no in lyts keammerke op it noarden, tsjuster, dêr't it altyd en ivich stjonke soe. As se no yn sa'n stjonkhok wenje moast, soe se hjir dan mar net bliuwe?
In tel seach se harsels yn 'e spegel oan: Wat wie dit foar weikrûperij? Woe se út 'e hûs, ja of nee? ‘Ja, fansels,’ sei se tsjin 'e spegel en doe die se de meast needsaaklike boeken yn in plestiktas. It kreätive hantwurkjen kaam yn in oarenien en mei de twa tassen yn 'e hân rûn se de trep wer del. Under stie mem swijend nei har te sjen, dêrnei seach se mei in rare blik nei de twa tassen, mar hâlde har stil.
Se koe oars net mear betinke en rûn doe mar nei de
| |
| |
keamer. Se soene daliks wol kofje krije, dêr soe se dan mar op wachtsje. Se hie oars wol sin oan in peuk mar dat soe se mar litte om it net te bedjerren. Dêr siet har heit op in stoel te krantlêzen. Sadree't se deryn kaam, tearde er de krante op oant it in hiel lyts rjochthoekje wie. As de krante sa lyts wie, tocht Anke, soe sy der ek noch wol ris ta brocht wurde kinne om him te lêzen.
‘Hoe hast dat no mei 't jild?’ frege heit doe en se waard der kjel fan, sa aardich wie syn stim. Se seach him flechtich oan, betroude it net hielendal, mar heit seach ta it rút út. Se koe net oars as antwurdzje dat se mei Margreet ôfpraat hie dat se letter wat werom betelje soe.
Mem kaam der ek yn. Sûnder kofje. Se gie op har eigen stoel sitten. Anke krige in ilestykje fan 'e tafel en die it hier yn in sturt.
‘Dat fanke skynt in soad mei dy op te hawwen,’ sei heit en tsjin mem sei er: ‘Margreet ûnderhâldt ús dochter op dit stuit.’
‘Dat is mar moai,’ sei mem. It wie it earste wat Anke hjoed fan har hearde. Se helle it ilestykje wer út it hier en begûn der wat mei om te tyspeljen. Wat soe der no komme? Wa moast begjinne? Koe se no al mei har útstel komme?
‘Krije we gjin kofje?’ frege se mar.
‘Nee,’ sei mem en die de lippen stiif opinoar, as woe se te witten dwaan dat der fierder ek gjin ferklearring foar mear út har te krijen wie.
‘O,’ sei Anke, ‘no, dan net.’
It wie wer in hiel hoart stil. Anke krige der kâlde hannen fan en skeuvele mei de fuotten oer it flierkleed.
‘Ik miende,’ sei se stadich, ‘ik miende dat jim my wat
| |
| |
te fertellen hiene.’
‘Ja, dat hawwe we ek wis en seker,’ sei heit. ‘Mar wy mienden datsto earst dyn ferûntskuldigingen wolris oanbiede mochtst.’
‘Ferûntskuldiging?’ frege se ferwûndere, ‘dogge jim dat dan ek?’
Memme eagen skeaten fjoer, heit ferskikte yn 'e stoel..
‘Wêrom soene wy dat dwaan moatte?’
‘Omdat jim my safolle ûnthâlde.’
‘Bist dêrom fuortrûn?’
‘Wie dat net dúdlik?’
Mem sakke mei in djippe sucht yn 'e stoel. ‘No krije we dàt wer,’ sei se.
Mar Anke gie no fierder. Dit koe in begjin wêze. ‘Ik bin fuortgien omdat ik sa lilk wie omdat jim my doe sa bernich behannelen. Ik mocht net mei dat wykein fan de klub mei, bin doe dochs gien en kaam wer werom omdat ik my dêre ek net botte fleurich fielde. Ik kaam werom omdat ik nochris besykje woe om mei jim te praten. Mar heit behannele my doe sa, dat ik my fernedere fielde.’
‘Kom kom,’ sei heit. Hy seach noch altyd ta it rút út. ‘Ik haw in soad neitocht, de lêste dagen en ik bin ta de konklúzje kommen, dat ik sa oars bin as dat jim my hawwe wolle, dat...’
Heit ûnderbriek har no. Hy seach har oan. Mem wie wer rjochtoerein sitten gien yn 'e stoel. ‘Just,’ sei heit. ‘Dêr woene wy it no krekt ek mei dy oer hawwe. Wy, dyn mem en ik, hawwe ek in soad oer dy neitocht. Boppedat hawwe we ek mei wat leararen fan dyn skoalle skille om te freegjen wat se fan dy tochten.’
| |
| |
‘Hè??’ Se fearre oerein. ‘Hawwe jim mei skoalle skille?’
‘Dat hearst wol,’ sei er en gie troch. ‘En dêr seine se allegearre itselde, nammentlik dat ús Anke earst in hiel aardich fanke wie, mar dat se de lêste dagen wat tefolle mei in beskate Margreet Lentink omgie en datsto neitiid wat sleauwer en wat bretaler wurden wiest.’
Anke siet ferstuivere yn 'e stoel. Wa hie soks no betinke kinnen? Hoe krigen dy minsken dat yn 't hier? En wa soene se frege hawwe op skoalle? De Boer fan Ierdrykskunde faaks. Of Donkersloot. Woe se wol leauwe dat dy man sei dat se wer nei hûs ta moast. ‘Binne jim wol goed?’ rôp se. ‘Wa freget no achter myn rêch om oan myn leararen hoe't ik my op skoalle hâld en kear? Laken se jim dêr net fjouwerkant út? Hoe krigen jim it yn 'e plasse? Ik skamje my wier dea foar jimme!’
‘Fij fij,’ sei mem. ‘Net sa mâl. Sa kin 't ek wol, net?’ ‘Laken se jimme net út?’ Har stim skeat oan 'e ein fan 'e sin út.
‘Nee, hielendal net. Menear Donkersloot sei dat er it hiel terjochte fûn dat âlden harren soargen makken oer de bern. Hy sei dat er wol woe dat der mear fan sokken wiene.’
‘O Jezus!’ koe se noch útbringe. Mar sa'n wurd koe fansels hielendal net troch de mesken. Samar ynienen stie heit foar har, hymjend. ‘Wolsto gjin godslasteringen brûke yn myn hûs?’
‘O ja,’ sei se, se wie der wat ôf omt heit sa gau sa ticht by har wie. ‘Dat wie 'k fergetten. Dat dat hjir net kin, bedoel ik.’ Se waard der waarm fan. Sokke wurden hie se hjir ek noch noait sein, dat wie al wat fan 'e lêste
| |
| |
moannen. Heit rûn wer op 'e stoel ta, mar kearde him om.
‘Anke.’
No kaam it, tocht se. In ferhaal oer flokken en Margreet har fet op har.
‘Dyn mem en ik hawwe neitocht en doe't wy dyn leararen oer dy heard hiene, hawwe we o sa'n fertriet om dy hân. Do bist ús iennichste bern en we hawwe altyd o sa bliid mei dy west. Hiel lang hawwe we op dy wachtsje moatten,’ hjir seach er mem eefkes oan en mem knikte: ‘Tsien jier,’ sei se. ‘En doe't wy dan einlings in famke krigen hiene, hawwe wy dy dope litten omdat wy dy oan God tabetrouwe woene. Doe hawwe we dêr yn in grôtfolle tsjerke tasein, dat wy ús uterste bêst dwaan soene om dy in goede kristlike opfieding te jaan.’
Heit wie der sels fan yn 't moed taast. Hy moast even ophâlde. Se siet mei it ilestykje te boartsjen. Mem seach op nei heit, dy't noch altyd stie. Sokke ferhalen koe Anke net oer. Se krige dan begrutsjen mei har âlden. Se mienden it sa goed mei har en se fielde dan sa'n yndjippe spyt omheechkrûpen, dat se earder altyd yn sa'n sitewaasje heit en mem om 'e hals fallen wie, snokkerjend dat it allegearre wol wat tafoel.
No liet se it ilestykje knappe en skodde mei it hier. Sa soe it net wer. Mar heit wie der noch net.
‘Mar omdatsto sels oanjûn hast, datst fier fan 'e prinsipes dy't wy dy foarhâlden hawwe, libje wolst, kinne mem en ik der fierder ek neat mear oan dwaan.’
‘Hè?’ Se begriep der no neat mear fan. Wat wisten sy no fan har prinsipes?
‘Of wiesto fan tinken, dat wy der fier by troch binne?
| |
| |
Fersinne wy ús as wy fêststelle moatte datsto net yn 'e genede fan God libje wolst?’
‘Ik wit net ienris hoe't dat moat.’
‘Se wit net ienris hoe't dat moat,’ sei heit tsjin mem.
‘Oòòòh,’ sei mem.
‘Hark ris, Anke,’ sei heit, ‘do kinst op it stuit net helder tinke, want do stiest ûnder regelrjochte ynfloed fan dat fanke. Sjoch no mar nei it feit datst smookst. Mem en ik hawwe altyd bliid west dat in bern fan ús oan soks net meidie, en we tochten datst no de jierren hiest, dat we dêroer net mear yn noed hoegden te sitten, en wat docht ús Anke...? Do wolst my dochs net fertelle datst it lekker fynst, wol?’
It lêste wie der sa smeulsk útkommen, dat se mar net reägearre. Wat soe se útlizze?
‘We woene wol,’ gie heit fierder, ‘dat wy dy nea op dy skoalle set hiene. We hiene dy hjir by ús hâlde moatten, dan hiest dy hiele Margreet net sjoen.’
‘En dan hiene wy dy behâlde kinnen.’ Wat hearde dat from, út memme mûle wei.
‘En wat dan?’ frege se, want dêr wie se dan al benijd nei.
‘Dan hiene we dy hjir op 'e siktaresseoplieding set. Dan wiest hjir bleaun oant wy dy folwoeksen genôch fûn hiene om op eigen fuotten te stean.’
Se moast djip sykhelje.
‘Mar wat doch ik dan eins ferkeard? Wêrom dogge jimme sa dramatysk? Ik bin net oan de ferdóvjende middels, ik bin noch jongfàààm,’ - dit spriek se mei sin sa út - ‘En ik kom yn it ûnderwiis. Wat wolle jim noch mear?’
‘Mar do wolst net mear nei tsjerke! Do smookst! En heit en mem fiele wol oan datst dy dingen dy'st op- | |
| |
neamst mei gauwens yn gebrûk nimme silst, want ast by dy Margreet bliuwst, silst it kweade derfan mei koarten net mear ynsjen. Want Margreet wol dy fan de wei ôf hawwe, dêr't wy dy op set hawwe.’
Heit hime derfan en mem naam it ferhaal oer: ‘Datst by ús weirûn bist, lêsten, twa kear, dat hiest earder net yn 'e holle krigen. Anke! Wurd dochs dysels wer, bern, do makkest dysels wiis datst mei dy Margreet opsjitte kinst, mar yn wêzen laket se dy út. Do bist dysels net. Do bist dysels net mear. Do bist ús leave Anke net mear...’ Mem skynde no ek emosjoneel te wurden. Anke ferskikte op 'e stoel. Se hie sa'n toarst, mar it momint like net gaadlik om wat drinken te freegjen. Der waarden mar swiere wurden útsprutsen.
‘Wêrom giesto dy brede wei op, Anke?’ frege heit, dy't no wer wat kalmer prate as niiskrekt. Letter soe se gnize om dizze wurden, mei Margreet, wist se. Mar se skynden dy wurden net oars sizze te kinnen, der moasten bibelske wurden brûkt wurde, dat hie altyd al sa west.
‘Ik gean net de brede wei op, heit,’ sei se, ‘mar jim wolle safolle foar my regelje. Jim beslute wa't myn freondinnen binne, jim sizze wêr't ik al of net hinne gean. Ik fiel my ôfgryslik beheind. En ik wit wol dat jim it goed mei my miene en dat jim it dogge fanút jim leauwe wei, mar wat haw ik dêroan as ik soksoarte saken as de tsjerke ûnsin fyn?’
‘Do dochst ús o sa sear, ast sa praatst. We hawwe nea tinke kinnen dat in bern fan ús sa de wrâldske dingen neistribje woe. Datst dêr ferlet fan hast, kinne mem en ik mar min begripe!’
‘En do hast der ek nea ferlet fan hân,’ sei mem no,
| |
| |
‘oantsto Margreet moetest.’
‘As ik Margreet net tsjinkommen wie, hie der wol in oar west,’ sei se, ‘ik hie der earder ek ferlet fan om aardige dingen te dwaan, fytse op snein, dûnsje, skoallejûnen, jûns fuort... mar it mocht net. Boppedat wie ik altyd by famkes, dy't stil en skruten wiene. Dy fûn mem aardich. Wit mem net mear, dat mem sels wol ris mei de memmen fan sokke leave famkes skille hat om te freegjen oft se ek myn kammeraatske wurde koene?’
‘Dat wie dan ek wol it bêste,’ kaam heit der tuskenyn. ‘As wy dy dyn eigen gong gean litten hiene, hiest no by ferkearde minsken west. Do hast der altyd slach fan hân om mei de ferkearde bern om te gean. En dat is no noch sa.’
It wie wer in skoft stil. Se tocht oan de stikjes, dy't se juster mei Margreet útspile hie. Wat hjir barde, mocht der net op lykje, sa hiene se it net betinke kinnen. Se hie it hielendal net yn 'e hân.
‘Do seist, do sjochst it net sa as ús.’ ‘Wat?’ Se skrok oerein. Hoe bedoelde heit? Wat hie se sein?
‘De tsjerke en it leauwe. De genede dêr'st yn libje meist.’
‘O dàt!... Nee. Nee, ik sjoch dat oars.’ Dit waard al wat nuver, fûn se, der waard mei dy begripen omsoale, dêr't se altyd fan tocht hie dat se mei de measte foarsichtigens behannele wurde moasten.
‘Kinst ek sizze hoest it dan sjochst?’
‘Tsja... ik wit net, hear, eins hoecht it net fan my. It is my in griis dat ik der safolle aardige saken om stean litte moat.’
‘Ja, bern, mar dat is no ien kear de fersiking. We
| |
| |
wurde hieltyd wer troch de duvel besocht.’
It waard no algemien, tocht se, mei dat ‘we’. Aansen soe se as in doaljend kristen ynhelle wurde, dy't in tel it paad bjuster west hie, mar no wer better soe.
‘Mem en ik moatte der ek tsjin fjochtsje.’ Mem knikte wakker mar Anke koe har net yntinke hokker ferliedings heit en mem striid tsjin leverje moasten.
‘Ik wie fan betinken, dat jim it moai en fijn fûnen om dy wrâldske dingen dy't ik dan al wol, te litten. De ‘wrâldske dingen’ hie se sunich útsprutsen.
‘Ja, dat is foar ús hiel gewoan, dêr hawwe we hielendal gjin ferlet fan. Soks stiet fier fan ús ôf en sa hat it ek altyd west, hen mem?’
‘Mar net fan my.’ Se die har bêst om it sa gewoan mooglik te sizzen.
Heit siet har no in skoft te besjen. Hy frege him faaks ôf hoe't er sa'n dochter as sy krigen hie. It moast ek ferskriklik wêze as men mar ien bern hie en dat gie in hiele oare kant út as men it sels yn 'e holle hie. It hie likegoed oars kinnen: sysels in aardich bern foar heit-en-dy, of sy aardige âlden foar har. No wie it beide mis. Mei har trijen hiene se it ûngemak dat se krekt dy trije minsken wiene, dy't byinoar yn in gesin stoppe wiene. Wa soe dat útfûn hawwe? God? Dan pleage er harren àl.
Se skrille op doe't heit ynienen oerein gie. No net rimpen lykas niiskrekt, mar stadich, hast plechtich. It die har tinken oan in jierdei en se moast in bytsje gichelje. Moast se no ek stean gean? Mar mem seach har hiel swart oan en dêrom die se mar gau de boppeste lippe oer de ûnderste hinne, sadat se net mear laitsje koe.
‘Anke,’ sei heit. Anke seach nei him op. Mem seach
| |
| |
nei har. Dus mem fûn it net gek dat heit dêr sa rjochtoerein stie.
‘Ja heit,’ sei se mar, mar se moast wer hast laitsje. ‘Ik moat dy freegje: Bisto net fan doel om dy te skikken nei de lear fan it kristlik leauwe, dy't yn dit hûs it fûnemint is?’ Syn lûd beve, mar hy hie alles sûnder stammerjen sein.
Se hie hielendal gjin oanstriid ta laitsjen mear: ‘Héé?! Wat krije we nó?’ rôp se lûd. ‘Wat is dìt?’ Se stie no ek. De lytse kofjetafel wie tusken harren yn. ‘Moat ik dêr antwurd op jaan? Moat ik antwurdzje op sa'n stomme fraach?’
‘Ja,’ sei mem no, ‘dêr moatsto antwurd op jaan. Oars kinne we net fierder.’
Se seach fan de iene nei de oare. Mem siet derby as de wreekjende ingel. De fuotten kreas neist inoar, it gesicht omheech en o sa wis fan itjinge dat heit sei. En heit stie dêr foar har oer, syn taak útfierend yn 'e namme fan leauwe en tsjerke.
‘Nee,’ sei se koart, ‘dat wol ik net. Ik kin my dêr net nei skikke as ik der sels it nut net fan ynsjoch.’
‘Dan moatte wy dy sizze, dat wy dy net mear yn 'e hûs ferneare kinne. As der ien is, dy't ús gesin ûntwrichtsje wol, moatte wy dyjinge de tagong ta it hûs ûntsizze.’
No gie heit wer sitten. Anke begriep it net rjocht. Dat soks ek koe. Heit en mem wiene har dus in slach foar. Soks diene âlden dochs net... se seach nei mem. ‘Is mem it hjir mei iens?’ frege se mei in hiel fyn lûdsje. In mem wie dochs fakentiids emosjoneel oan bern bûn en briek dêrmei alle wetten? ‘Ja,’ sei mem koart, ‘it doch my o sa sear dat ik in bern ferlieze moat, mar it is sa wol it bêste.’
| |
| |
‘Kin ik earst wat drinke?’ frege se, ‘want de strôt is my droech as hop.’
Se hie it gefoel, dat der no allerhanne offisjele saken behannele wurde moasten, lykas mei in begraffenis. Dêr hearde men dochs ek in sjok fan te krijen om de roubrieven en de begraffenis sekuer te regeljen. Se hie faak heard, dat it sokke dagen mar goed wie, dat der wat te regeljen foel, omdat it fertriet oars net te fernearen wie. It soe wol sa wêze as dit. Se fielde hielendal neat. Se wist allinne mar dat se no ferstannich hannelje moast. De ûnôfhinklikheidsferklearring tocht se, dy hoegde se no allinne noch mar oan te snijen. Wa wit hiene se it yntusken sels al regele.
Mem kaam der mei in glês spa-read wer yn. ‘Moai,’ sei Anke, ‘tanke wol. En wat no?’
‘Hoesa, wat no?’ fregen beiden tagelyk.
‘No, jim meitsje my dúdlik, dat ik út 'e hûs moat. Mar dan wol ik noch wol witte wêr't ik oan ta bin, bygelyks de rest fan 'e famylje, beppe. En it jild.’
‘Hoesa, it jild? Ien dy't mient dat se net mear yn 'e hûs hoecht te wenjen, moat ek net rekkenje op 'e sinten, dat hast dochs sels ek wol yn 'e rekken, net?’ Dit sei mem.
Dit gie wol hiel bot, tocht se, noch mear ferbjustere, soks hie se sels net ienris earder fan hèard. It wie no ek wol dúdlik dat se noch neat regele hiene.’
Se lei út hoe't se in beurs krije koe fan it ryk en heit sei daliks dat it gjin inkel probleem wie om dy ferklearring te ûndertekenjen. Underwilens hie se hieltyd mar ien gedachte: sa hie it om har ek wer net hoegd. Dit gie har fiersten te mâl.
Se moast de papieren mar opstjoere, sei heit, dan soe it wol klearkomme. It wie ek mar foar in jier, sei
| |
| |
er. Dit soe Margreet ek net ferwachtsje, tocht se.
Doe praten se ôf wannear't se har klean helje soe - dat koe faaks mei de auto fan Margreet har heit, tocht se.
‘Hoe fine jimme dit no? frege se op 'e ein, doe't se al mei de twa tassen yn 'e keuken stie. Mem loek oan de skouders. Se soe mem net gau wer sjen, tocht se.
Se koe der hielendal noch net by. Wat hjir foarfoel wie hast net mooglik.
‘We fine it hiel slim, Anke. Leau mar dat it foar de âlden in swiere slach is om in bern te ferliezen.’
Se hie it idee, as siet se al yn 'e klauwen fan 'e duvel. Sa makken se har wol benaud. ‘No...’ wifele se. ‘Ferlieze...? Dat falt wol wat ta. Ik wol allinne wat oars as jimme en no meitsje jim der in hiel drama fan.’
‘We hawwe 't der al oer hân. De ferliedings dêrsto oan bleat stean silst, liede dy de ferkearde kant út en dat wolle wy net oansjen.’
Se warde heit ôf, dy't har wol nei it stasjon ride woe. Se woe neat mear fan dat kwezeljen witte. In raar ôfskie waard it. Se praten ôf, dat Anke berjocht dwaan soe, sadree't se ferhuze wie. As der wat mei beppe wie, soene se skilje. En wa wit soene se inoar op begraffenissen treffe.
Mei de fyts ried se nei it stasjon. Dy soe mei nei Achterlo. No wie der mar ien ding dat se woe en dat wie nei Margreet. Gûle by Margreet. Gûle, oeren lang. En se begûn der fuortendaliks mei yn 'e trein nei Achterlo.
|
|