16
Yn 'e fjirtjin dagen dernei, dêr't Anke en Margreet it gefal ‘âlden’ geregeldwei goed yn oereide hiene en Margreet har ferwûndering noch ris fiks útstald hie, naam Anke de lêste freeds de reade tas fan 'e souder ôf en die der alle klean yn, dy't har it bêste stiene, want der giene ek jonges mei.
Al hie se der mei gjin wurd mear oer rept, se wist dochs dat heit en mem bang wiene dat se gean soe. Dêr kaam mem al nei boppen ta, it stinnen wie net fan 'e loft.
‘Wat silstò?’ frege se as wist se fan neat, doe't se yn Anke har keammerke wie.
‘Ik sil mei de groep fuort, fansels. Dat soe dochs.’
‘Nee, dat soe net; we hiene goed ôfpraat fan net.’
Wurch die se de sokken yn 'e tas en sei dat se gjin nocht hie om der fierder oer te praten en dat se njoggentjin jier wie.
‘Poeh!’ blies mem. ‘Njoggentjin. 't Soe wat! Do bliuwst thús, do hearst my wol.’
‘Nee mem,’ sei se mei klam, ‘ik doch wat ik wol.’
Heit wie noch net thús fan skoalle doe't it foar har tiid wie om de doar út. Se soe op 'e fyts nei it stasjon dêr't de oaren ek wiene en mei de trein en de bus nei Gythoarn. As mem har tsjinhâlde, soe se har oan 'e kant reagje. Oertsjûge fan har grutte gelyk rûn se moedich de trep ôf nei bûten ta om 'e fyts út 'e garaazje te heljen. Fan mem wie gjin spoar te sjen. Doe't se de fyts kearde, heakke it achtertsjil. De fyts stie op 't slot. Se moast glimkje en fielde minachtsjen doe't se seach dat mem har eigen fyts ek op 't slot set hie en se stelde har foar hoe't mem, panikerich, dy fytsen op