17
‘Ik kaam wer thús op sneon. En heit sei dat er bliid wie dat ik weromkommen wie omdat ik blykber ynsjoen hie dat ik ferkeard west hie.’
Ik sjoch Arjen oan en wachtsje de reäksje ôf. Dy komt net.
Wêrom fertel ik him dit? Sa'n bernesûnde kin dochs elkenien wol opikkerje? Wêrom moat ik der sa'n dramatyk by helje? Wêrom fertel ik dit net as in aardich ferhaaltsje? Ik fertel it ommers hieltyd wer, oan elkenien dy't my ticht op 'e hûd libbet. Dyjinge dy't by my wêze wol, moat ommers witte fan 'e oerwinnings dy't ik behelje moatten haw. Dyjingen dy't by my op bêd lizze wolle, moatte witte, wa't ik bin. En wa't ik wurde kinnen hie. Hy moat witte fan it fertriet dat ik oare minsken oandien haw. En hy moat witte fan Margreet, want sûnder har hie 'k it net opret.