15
As ik krekt sit te bekommen fan in âldenbesite yn it doarp, giet de tillefoan. Heal en heal ferwachtsjend dat it Arjen wêze sil, nim ik op mei: ‘Hoi.’
‘Hallo Anke. It is mei Margreet.’
‘Hallo Margreet! Hoe is it mei dy? Ik soe dy hieltyd skilje, mar it kaam der mar net fan.’
‘Ja ja, smûzen... Hast it sa drok mei dy ferkearing fan dy?’ ‘Drok is it wurd net, mar it nimt wol tiid. Alle wykeinen binne wy byinoar.’
‘O o o,’ seit Margreet yn Amsterdam, ‘ik hear it al, ik wurd folslein fergetten, dêr yn Fryslân.’
‘O nee,’ sis ik, ‘ik haw it faak oer dy. Arjen wit al in hiele soad.’
‘En sa heart it ek,’ seit se eigenwiis. ‘Dus it giet noch goed tusken jimme?’
‘Ja, hiel goed sels. We sille mei inoar op fakânsje mei de peaske. Nei Súd-Frankryk. Dêr haw ik o sa'n sin oan.’
‘Dat wol ik wol leauwe, ja. Hearlik dat it dochs noch goed mei dy kommen is, dêr bin ik o sa bliid om.’
‘Tutte!’ We laitsje.
‘Hoe is it oars mei dy? Hast ek al wer ien of oare keardel om dy hinne?’
‘Nee, dêr haw ik de lêste tiid net safolle gedoente mei hân, mei keardels.’
‘Wat no?’
‘Ik haw myn nocht der wat ôf. It is dochs altyd itselde.’
‘Ja ja.’ Ik moat der mar wat om laitsje, want oer in wike hat se wer ien of oare ûndúdlike oanbidder. ‘Hoe is it mei dyn wurk?’
‘Mmmm, it is net krekt wat ik wol, mar it is noch út te hâlden. En hoe is it mei de bern yn Mardum?’